Hurdfytser Hartthijs de Vries swierferwûne rekke op training yn Spanje

Hurdfytser Hartthijs de Vries fan Kollum is freed by in ûngelok op de training yn Spanje ferwûne rekke. Dat seit syn ploech, Tour de Tietema-Unibet Cycling Team, sneon op sosjale media.
Neffens it berjocht wie De Vries belutsen by in ûngelok mei ferskate auto's. Dêrby hat hy ferskate bonken brutsen en in klaplong en in harsenskodding oprûn. De ploech seit dat De Vries 'in stabiele toestand is' en bystien wurdt troch syn famylje en freonen.
De Vries fytst sûnt desimber foar it team fan Tour de Tietema.