Oppermachtige Suzanne Schulting hat earste twa gouden medaljes binnen op EK shorttrack

Suzanne Schulting hat sneon by it EK shorttrack yn it Poalske Gdansk twa gouden medaljes pakt. Schulting wie de bêste op de 1.500 en de 500 meter.
Schulting kaam op de 500 meter fuort foaroan, mar se krige Natalia Maliszewska efter har oan. It tempo fan Schulting lei lykwols sa heech dat de flugge Poalske der net oerhinne komme koe. It brûns wie foar de Italiaanske Arianna Valcepina.
It raceplan fan Schulting kaam hielendal út. "Zo hard mogelijk starten en gas geven en dan kijken wie er achter je zit, lijnen gaan rijden en als eerste over de finish komen", sei se tsjin de NOS.
Yn har heat, de kwartfinale en de heale finale kaam Schulting ek al hieltyd as earste oer de einstreek. Dat wylst de 500 meter net har favorite ôfstân is. "Deze was het zwaarste en moeilijkste, daarom ben ik er nu ook zo blij mee. Het geeft aan dat ik alle afstanden goed kan en dat geeft een heel goed gevoel."
Suzanne Schulting oer har earste gouden medaljes op dit toernoai
Sterke 1.500 meter
Yn de finale fan de 1.500 meter, earder op de dei, socht Schulting fuort in plakje foaryn. Sân rûntsjes foar de ein kaam se op kop en fierde se it tempo op. Yn it lêste rûntsje besocht de Belch Hanne Desmet der noch wol oerhinne te komme, mar dat slagge krekt net. Sa wie de earste titel op dit toernoai binnen foar Schulting.
"Lekker om het toernooi zo te beginnen", sei Schulting nei ôfrin foar de kamera's fan de NOS. Schulting hie har neilen goud lakt, har favorite kleur. Se hopet dat se dit wykein noch mear goud yn hannen krijt.
Gjin konfrontaasje mei Velzeboer
Yn it foar waard útsjoen nei de konfrontaasje tusken Schulting en Xandra Velzeboer. Dit seizoen waarden der fjouwer wrâldbekers ferriden, mar gjin ien kear kamen se tsjin elkoar yn aksje en dat wylst se alle twa fjouwer kear in gouden medalje wûnen.
Velzeboer waard sneon lykwols al yn de heale finale útskeakele en op de 500 meter hie se freed fuort al in penalty troch in falske start.

Schulting hie har ienfâldich foar de finale pleatst troch yn de heale finale op grutte foarsprong as earste oer de einstreek te kommen.
De frouljusrelayploech is troch nei de finale fan snein. Schulting ried de heale finale net mei. Njonken Nederlân hat ek Hongarije har pleatst. It gat mei nûmer trije Oekraïne wie grut.
De Laat mist finale op 1.500 meter
Itzhak de Laat hat him net pleatst foar de finale fan de 1.500 meter. De Laat kaam yn syn heale finale tekoart. De titel op dizze ôfstân waard wol pakt troch in Nederlanner. Jens van 't Wout liet alle oaren efter him.
By de manljusrelay hie De Laat mear sukses. Tegearre mei Jens en Melle van 't Wout en Friso Emonds pleatste hy him foar de finale fan snein. Njonken Nederlân steane ek Italië, Frankryk en Poalen yn dy finale.
Yn 2016 helle Schulting har earste medalje op in EK. Doe pakte se sulver mei it relayteam. In jier letter helle se har earste gouden medalje by it EK yn Sotsji, ek mei de relay.
Yntusken is dizze medalje yn Gdansk har 24e medalje op in EK en har 16e gouden EK-medalje.