Simon Olsson ûngelokkich op de rjochterflank: "Ik spylje it leafst op 10"

Hearrenfean betelle mear as in miljoen euro foar Simon Olsson. De talintfolle Sweed wie al in pear seizoenen de bêste middenfjilder fan Elfsborg, mar by Hearrenfean spilet hy as rjochtsbûten. "De trainer wit dat ik it leafst op 10 spylje."
It wie foar Olsson in grutte ferrassing doe't trainer Kees van Wonderen foarôfgeand oan de thúswedstriid tsjin FC Utrecht ein oktober (1-2 ferlies, red.) by him kaam om te fertellen dat hy de nije rjochtsbûten fan sc Hearrenfean is.
"Fansels wie ik fernuvere", seit Olsson. Ik ha nea earder yn myn karriêre op dizze posysje spile. Al tink ik wol dat it eltse wedstriid in bytsje better giet. Ik bin net in echte rjochtsbûten, mar ik folje it oars yn."
"Ik vind met name de samenwerking tussen Simon en Milan van Ewijk erg goed gaan", seit Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen. "Omdat Simon naar binnen gaat, krijgt Milan de ruimte om eroverheen te gaan. Dat is zijn kracht en dat zijn we nu aan het 'finetunen'."
Simon Olsson oer syn rol by sc Hearrenfean
Olsson kaam yn de simmer oer fan it Sweedske IF Elfsborg en tekene in kontrakt foar fjouwer seizoenen yn Fryslân. Hearrenfean betelle 1,3 miljoen foar de middenfjilder. Yn Sweden wie Olsson ien fan de bepalende spilers: hy spile yn totaal 162 wedstriden foar Elfsborg, wêryn't hy 13 kear skoarde en 16 assists joech. Dy sifers steane yn skril kontrast mei syn prestaasjes by Hearrenfean.
Wachtsje op doelpunten
"Ik ha in soad kânsen mist", jout Olsson ta. "Dus dat leit ek oan mysels en net oan myn posysje. Ik spylje it leafst op 10, dat wit de trainer ek. Oan de oare kant spylje ik dêr wêr't hy my delset. Ik hoopje fansels dat ik gau foar Hearrenfean myn doelpunten meitsje sil, wat ik by Elfsborg ek die."
"Je wilt graag spelers die je op meerdere posities kunt gebruiken en die dat ook op een andere manier invullen zoals Simon nu doet, waardoor je weer meer mogelijkheden hebt", fertelt Van Wonderen. "Zodat je wat anders kunt doen om de tegenstander aan het wankelen te brengen als het ene niet lukt."
Trainer Kees van Wonderen oer Simon Olsson
De transferfrije Ché Nunnely is dizze wike op proef by sc Hearrenfean en makket in goeie yndruk. De kâns is grut dat de rappe fleugeloanfaller in kontrakt oanbean krijt, al steane alle seinen noch net op grien. Mocht Nunnely derby komme, dan hat dat wer konsekwinsjes foar Olsson.
Nivo omheech
"Ik wit net wat de komst fan Nunnely foar my ynhâldt, mar it is altiten goed as der nije spilers by komme, dan giet it nivo fan de training omheech en dêr wurdt elkenien better fan", stelt Olsson.
"Het wil niet zeggen dat er voor Simon een streep door zijn positie aan de rechterkant gaat als Nunnely erbij komt", seit Van Wonderen. "Ik denk dat Ché ook vanaf links kan spelen en Simon vanaf rechts. Dan heb je aan de ene kant diepte en aan de andere kant een jongen die iets meer in de bal speelt en het middenveld versterkt. Maar het kan ook zijn dat we Simon weer meer op 10 willen gebruiken en Ché vanaf rechts. Het biedt meer mogelijkheden en meer keuzes."
De wedstriid tusken sc Hearrenfean en AZ set sneontejûn om 18.45 oere útein. It duel is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma op de radio. It kommentaar komt fan ferslachjouwer Arjen de Boer.