FryslânDOK: 60 jier nei de Alvestêdetocht fan 1963

Reinier Paping (l) mei kopgroep op wei nei Dokkum © Fries Film & Audio Archief
Freed 18 jannewaris 1963 wie it roetkâld yn Fryslân: -21 graden Celsius. Op dy dei soe de tolfde Alvestêdetocht ferriden wurde. It waard de swierste tocht ea. 60 jier nei dato stjoert FryslânDOK in dokumintêre út oer de tocht - mei winner Reinier Paping, dy't ferline jier yn de âldens fan 90-jierrich ferstoar.
By de start yn Ljouwert frear it 18 graden en de temperatuer soe dy deis net boppe de -4 útkomme. Boppedat stie der in hurde noardeastewyn. Der lei in pak snie, it iis wie hjir en dêr ûnbegeanber en siet fol skuorren en bobbels. Al mei al tige swiere omstannichheden foar de alvestêderiders.
It tal útfallers by dizze tocht waard legindarysk heech. Fan de 568 wedstriidriders hellen 57 de einstreek binnen de fereaske twa oeren nei winner Reinier Paping. Fan de 9.294 toerriders slagge it net mear as 69 minsken in krúske yn 'e wacht te slepen.
Riders Alvestêdetocht 1963 © Fries Film & Audio Archief
Yn 2009 makken Eelke Lok en Albert Jensma foar FryslânDOK in searje oer alle Alvestêdetochten sûnt de earste fan 1909. Dy fan 1963 wie sûnder mis in memorabele. Foar it earst wiene der kameraploegen by, dy't live op telefyzje ferslach dienen fan de tocht - ynklusyf de gaoatyske finish.
Alvestêdetocht 1963 by Hylpen © Fries Film & Audio Archief
De grutte minskemassa dy't tastreamde doe't der in helikopter op iis lâne mei dêryn keninginne Juliana en prinses Beatrix, liet it iis fan de Grutte Wielen gefaarlik kreakjen. De keninklike besikers folgen de oerwinning fan Paping, foar de feiligens, op 'e wâl.
Beatrix en Juliana by de finish © Fries Film & Audio Archief
De FryslânDOK 'De Alvestêdetocht fan 1963' is makke yn 2009. Ferskate dielnimmers komme oan it wurd, wêrûnder Henk Kroes, de lettere foarsitter fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elfsteden. En fansels ek de winner fan '63, Reinier Paping. Yn desimber 2021 is Paping ferstoarn. Hy is 90 jier wurden.
Huldiging Reinier Paping © Fries Film & Audio Archief
FryslânDOK: de Alvestêdetocht fan 1963
Sneon 14 jannewaris NPO2 15.30 oere (werhelling snein 15 jannewaris 13.25 oere)
Snein 15 jannewaris Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.