Belgyske Ljouwerter Tineke den Dulk stap foar stap op syk nei medaljes

Tineke den Dulk op de 1.500 meter by it EK shorttrack yn Gdansk © Orange Pictures
Gjin Sjinkie Knegt yn Gdansk dit wykein, mar wol trije oare Friezen. Suzanne Schulting, Itzhak de Laat en Tineke den Dulk. Dy lêste rydt lykwols net foar Nederlân op it Europeesk Kampioenskip, mar foar België.
Ferwachtsje gjin yndividuele medaljes fan Den Dulk dit wykein. In finale soe al hiel wat wêze. "Ik moet zeggen dat ik zelf niet zo heel veel verwachtingen heb. Het is voor ons als Belgen belangrijk dat we met twee shorttrackers bij de beste zestien eindigen."
Nederlân mei de ôfstân trije dielnimmers stjoere. De Belgen ha twa startplakken, mar dat kinne der trije wurde as se mei twa dielnimmers by de bêste sechstjin einigje dit EK. "Dat willen we graag."

100-prosintskoare op earste dei

Op de earste dei fan it EK pleatst Den Dulk har op de 500 en 1.500 meter foar de folgjende ronden. Better kin eins net: "Ja, best wel goed eigenlijk. Alles door, dus dat is perfect."
Doelstellings hat se eins net. "Het eerste doel was me plaatsen voor het hoofdschema en dat is gelukt. Daarna wil ik gewoon het maximale uit mezelf halen."

De rûte nei België

It is jannewaris 2016 as Den Dulk in brûnzen medalje hellet op it WK foar junioaren. Mei ûnder oare Suzanne Schulting stiet se op it eareskavot. De jierren dêrnei mei se rûke oan it grutte wurk. Se giet mei nei it EK yn Turijn yn 2017, mar troch in ankelblessuere kin se net ride.
Op it EK yn 2019 krijt se in gouden medalje mei de relayploech. Al rydt se allinnich de heat, se wint goud en sit op dat momint krekt efter de Nederlânske top.
Dochs krijt se efkes letter min nijs: bûnscoach Jeroen Otter nimt har net mear op yn de nasjonale trainingsseleksje. Se kin werom nei it regioteam, mar kiest foar in oare opfallende rûte: Belch wurde.
Yn 2020 ferhuzet se nei België en nei hast in jier krijt se de Belgyske nasjonaliteit.
Tineke den Dulk: "Ik denk dat er zeker meer in zit"
Den Dulk traint en wennet no yn Hasselt en studearret Filmstudies yn Antwerpen. Oan har Belgyske tongfal is te hearren dat se al aardich oan it yntegrearjen is. "Al moet ik zeggen dat mijn vrienden uit Leeuwarden dat heel erg horen, maar dat mijn Vlaamse vrienden me nog altijd uitlachen."

Shorttrack hieltyd populêrder yn België, mar it smyt gjin jild op

De Belgyske Hanne Desmet behelle op de Olympyske Spelen fan 2022 in brûnzen medalje. Dêrtroch fernimt Den Dulk wol dat it shorttrack populêrder wurdt yn België. "Meer mensen weten wat shorttrack is. Ik heb meerdere keren gehad dat mensen niet wisten waar ik het over had als ik over shorttrack begon. Nu is dat wel anders. Mensen noemen dan ook wel vaak de naam Hanne als ze de sport horen."
Dochs smyt dat noch net safolle op. De Belgyske shorttrackers Hanne en Stijn Desmet traine benammen op It Hearrenfean, mar Den Dulk moat alles sels dwaan en ek hast alles sels betelje. "In dat opzicht is het nog niet veel beter. Het kost me vooral geld. Dat is wel frustrerend. We werken er hard voor. Het geeft ook veel stress om daar steeds mee bezig te zijn."
Tineke den Dulk: "Het geeft veel stress"
Ofrûne seizoen hie Den Dulk in dip. Se helle de Olympyske Spelen net, mar se tinkt dat se dit seizoen better is. "Ik denk dat er zeker meer in zit. B-finales en dat soort dingen moeten kunnen. Ik wil niet meteen medailles zeggen. Ik denk dat dat voor mij wel wat verder weg ligt. Maar aan de andere kant, als ik kijk naar de tijden die ik rijd in Kazachstan (lêste wrâldbeker, red.) dan zit ik daar ook best wel dichtbij. Dus dan is het misschien ook niet zo ver weg."

Medalje op mixed relay helber

Medaljes op dit EK binne yndividueel dan miskien fier fuort, mei de mixed relay is dat wol realistysk. "Jazeker. We staan als land nu ook eerste in de ranking. We hebben dit seizoen elke wereldbeker een medaille gehaald."
Sneon rydt Den Dulk de 1.500 meter. Snein folget dan de finale fan de mixed relay.