Kommisaris Brok yn nijjierstaspraak: "Fryslân is te lyts foar bargebiten"

Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Hoge Noorden / Jacob van Essen
Fryslân moat net hingjen bliuwe yn it yn it sentimint dat libbet oer de kleau tusken de Rânestêd en it plattelân. Dat sei kommissaris fan de Kening Arno Brok freed yn syn nijjierstaspraak.
"Nederlân is mar in postsegeltsje: út de romte wei besjoen rinne stêd en plattelân naadleas yn inoar oer", sei Brok. Fryslân moat dêrom neffens him útgean fan eigen krêft en kwaliteiten. "Wy ha wat te bieden, dêr hoege wy net beskieden oer te dwaan."
De polarisaasje soe dêrom neffens Brok net de oerhân krije moatte. "Litte wy inoar net gek meitsje. Wy hawwe inoar nedich. Op Fryske skaal is dat krekt sa. De alve stêden kinnen net sûnder de 400 doarpen, en oarsom", seit Brok. "Yn it ljocht fan de mondiale krisis binne Nederlân en Fryslân te lyts foar bargebiten."

'Jou ús foech'

De kommissaris hie yn syn taspraak fansels ek each foar de Provinsjale Steateferkiezingen dy't yn maart op 'e aginda steane. Hy wiist dêrby op de grutte tema's de kommende fjouwer jier.
"Ek de kommende perioade sil der wichtige karren makke wurde moatte at it giet om stikstof, feangreide en bioferskaat, mar ek oangeande oare wichtige tema's sa as de Lelyline, wenningbou en Fryske taal en kultuer", sei Brok.
Brok seit dêrom mei klam dat it wichtich is dat minsken yn maart stimme: "Jou foech oan ús parlemint, jou foech oan de minsken dy't jimme fertsjinwurdigje wolle yn de Steaten."

Brok wol in hegere opkomst

De kommissaris stelt dat Fryslân as provinsje it ferskil meitsje kin. Friezen fiele harren belutsen by harren omjouwing en dat is werom te sjen yn it stimgedrach: it opkomstpersintaazje yn Fryslân lei fjouwer jier lyn trije persint heger as it lanlik trochsneed.
Dochs hopet Brok diskear op in noch hegere opkomst: "Ik hoopje dat we dit jier oer de 60 persint komme", sei Brok. Fjouwer jier lyn lei it opkomstpersintaazje op 59 persint.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok hâldt syn taspraak © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Brok seach yn syn taspraak ek werom op it ôfrûne jier. Sa stie de kommissaris stil by it ferstjerren fan Friezen dy't harren 'mei hert en passy' ynset hawwe foar de provinsje. Hy neamde dêrby waarman Piet Paulusma, skilder Jentsje Popma, taalstrider Bertus Jans Postma en skriuwster Baukje Wytsma.
Ek de oarloch yn Oekraïne makke it ôfrûne jier in soad yndruk op Brok. Mei de oarloch dy't him dêr ôfspilet, meie wy neffens de kommissaris bliid wêze dat it sa goed giet yn ús lân. "Wy ha frijheid fan mieningsutering, wy ha frijheid fan demonstraasje, wy ha frije parse, wy ha earlike ferkiezingen."
Mei dat yn 'e efterholle ropt Brok benamme jongelju op om aanst yn maart nei de stimbus te gean: "It giet úteinlik om harren takomst."