Schulting en De Laat oerlibje sûnder problemen earste dei EK

Suzanne Schulting op de earste dei fan it EK shorttrack © Orange Pictures
In goeie earste dei foar de Fryske shorttrackers yn Gdansk. Suzanne Schulting en Itzhak de Laat ha op de earste dei fan it Europeesk kampioenskip shorttrack op alle ôfstannen de folgjende ronde helle.
Schulting pleatste har op alle yndividuele ôfstannen foar de folgjende ronde. Se wûn al har races mei gemak en mei grutte foarsprong.
Foar Schulting is de Nederlanner Xandra Velzeboer de grutste konkurrint. Foaral op de 500 meter is Velzeboer goed, mar op dy ôfstân krige Velzeboer in penalty troch in falske start.
Itzhak de Laat rydt net alle ôfstannen. Hy hat him net pleatst foar de 500 meter. Op de 1000 en 1500 meter pleatste hy him foar de folgjende ronde.
Op de 1500 meter waard De Laat twadde efter Furkan Akar út Turkije. Op de 1000 meter einige hy ek as twadde, doe efter de Poal Diané Sellier. Beide twadde plakken wiene genôch foar it heljen fan de folgjende ronde.
Ek Tineke den Dulk út Ljouwert docht mei, se rydt foar België. Se docht mei oan de 500 en 1500 meter en is op beide ôfstannen noch yn de race.

Schulting wol fiif gouden medaljes

Schulting wol krekt as trije jier lyn op it EK yn Debrecen fiif gouden medaljes helje. Twa jier lyn wie it EK ek yn Gdansk en doe helle se fjouwer gouden medaljes en ien kear sulver (frouljusrelay). Doe wie der noch gjin mixed-relay, dy is der no by kaam. De gouden medalje foar it allroundklassemint kin se lykwols net mear helje, want dat is just ôfskaft.

Relay-ploegen

De mixed relay-ploech pleatse him ienfâldich foar de heale finale. De ploech ried mei Selma Poutsma, Xandra Velzeboer, en de bruorren Jens en Melle van 't Wout en wûnen harren kwartfinale foar Poalen en Bulgarije.
De manljusrelayploech gie ek troch. De Laat ried mei Friso Emons en de bruorren Van 't Wout en einigen krekt efter België, mar foar Frankryk en Bulgarije en gean dêrtroch troch nei de heale finale. De froulju stienen fanwegen it dielnimmertal al yn de heale finale.
Sneon binne de finales fan de 500 en 1500 meter, snein dy fan de 1000 meter en de relay.
Op dit EK is foar it earst gjin allroundtitel te winnen. It ynternasjonale reedrydbûn hat dat ôfskaft. Gewoanwei gongen de bêste acht oer trije ôfstannen nei de Superfinale en doe kaam der in klassemint oer fjouwer ôfstannen. Suzanne Schulting wûn dat allroundklassemint de lêste kear, mar dy titel kin se dus net ferdigenje.
Shorttrackers kinne no yndividuele titels helje op de 500, 1000 en 1500 meter. Dêrneist kin Nederlân noch titels helje mei de relay foar manlju, froulju en mei de mixed-relay (twa manlju en twa froulju).