Ungelok by Koufurderrige op drokke omliedingsrûte: N354 tydlik ticht

De auto en frachtwein dêr't it om giet © CAMJO media
De Strjitwei (N354) by Koufurderrige is yn beide rjochtingen ôfsletten foar it ferkear. In frachtwein en in auto rekken mei-inoar yn botsing, tusken Wâldsein en De Hommerts.
Nei alle gedachten woe de auto de N354 oerstekke, wêrnei't it misgie. Der is net bekend oft der minsken ferwûne rekken. Plysje, brânwacht en ambulânsen binne wol útriden foar it ûngelok.
De N354 is ien fan de omliedingsrûten no't de A7 ticht is. Auto's ride oer de paralleldyk hinne, mar dy is net berekkene op swier ferkear. Bussen en tankweinen moatte inoar passearje en ride djippe spoaren yn de berms.