HEA! Kuorbal foar de alderjongsten

HEA! Kangoeroeklup
Bern fan 3 oant 6 jier kinne harren yn Stiens lekker útlibje by de Kangoeroeklup. Kuorbalferiening CSL organisearret it sportive oerke om de bern lekker bewege te litten. Se drave, klimme en springe en fansels wurdt der mei in bal goaid.
CSL hopet fansels ek dat der sa wat bern fierder gean mei kuorbaljen. De klup hat no 200 leden út de regio Britsum, Koarnjum, Jelsum en sels yn de coronatiid is dat ledetal stabyl bleaun.
Se ha no de ambysje om te groeien nei 300 leden, en de Kangoeroeklup is ien fan de mooglikheden om dat te berikken. De begelieding fan de bern wurdt dien troch de jeugdleden fan de klup, dy't sa ek wer aktyf ynset wurde foar de feriening.