"Vervelende erfenis van Ferwerderadiel": Noardeast sit mei MFC Burdaard yn 'e mage

Nei jierren fan diskusje liket in oplossing foar multyfunksjoneel sintrum It Spektrum yn Burdaard lang om let tichterby te kommen. Tsientallen Burdaarders op de publike tribune seagen dat de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân wol mei it gebou yn 'e mage sit.
It gebou is te grut foar it doarp en net rendabel. De eardere gemeente Ferwerderadiel sette yn 2017 in rêdingsaksje op tou, presintearre dy aksje ek as 'slagge', mar de finansjele problemen wienen net foarby. No moat de fúzjegemeente Noardeast-Fryslân byspringe.
Riedslid Jannie van Midlum fan Gemeentebelangen neamde it gebou in "vervelende erfenis van Ferwerderadiel". Dy miening waard troch in grut part fan de ried dield.
It Spektrum is in kompleks bedriuw. Der is in teäterseal, fitness, in swimbad, in gymnastykplak, twa barromtes, in fuotbalkantine en klaaikeamers en in tennisbaan. It wurk wurdt dien troch frijwilligers.

It teäterdiel fan It Spektrum is nei De Lawei en De Harmonie de tred grutste fan de hiele provinsje. "Wa hat dit oait betocht", fregen ferskate riedsleden har tongersdeitejûn lûdop ôf.
Al gau problemen
De finansjele problemen mei it MFC ûntstienen hast fuortendaliks nei de iepening yn 2011. De eardere gemeente Ferwerderadiel skatte de plannen te posityf yn. It MFC moast in regiofunksje ha en minsken út omlizzende doarpen nei Burdaard lûke, mar dat barde net.
Om it gebou yn de takomst wol libbensfetber te meitsjen, sykje de ried en it doarp nei oplossingen. Wethâlder Aant Jelle Soepboer frege de riedsleden dêrom om 'kaders'. "Sadat wy dêrmei oan 'e gong kinne om dêrnei werom te kommen mei in foarstel, dêr't dan wol wat draachflak ûnder leit."

Jaap Hiemstra, foarsitter fan doarpsbelang Burdaard, wie ien fan de trije ynsprekkers. Hy warskôge de ried. "Elkenien wol in oplossing fine, mar we moatte it wol oars oanpakke as yn 2017. Oars sitte we hjir oer fiif jier wer en dat moat net de bedoeling wêze."
Riedslid Lieuwe Sytsma joech wethâlder Soepboer in tal kaders. "It doarp moat it doarpshûs sels drage kinne, kwa eigenerskip en eksploitaasje. Se moatte sels ek it ûnderhâld dwaan kinne. Uteinliks moatte wy goed lústerje nei de ynwenners van Burdaard, mar de oplossing moat wol helber wêze."
Tusken de twa en njoggen miljoen euro
Earder kaam bestjoersassistint Anton van den Beukel fan It Spektrum al mei in tal opsjes foar in oplossing. De kosten fan dy opsjes lizze tusken de twa en njoggen miljoen euro.

"It sil jild kostje", seit wethâlder Soepboer. "Dat is in ding wat seker is. Ik weagje my net oan in útspraak oer hoefolle. Mar it sil jild kostje. We moatte yn de achterholle hâlde dat we mei dat jild it alderbêste dogge foar de minsken. In MFC dat it doarp takomt."
It gemeentebestjoer wol yn de maitiid noch in foarstel nei de ried stjoere, dy't dan bepale moat oft der fuort in beslút falle kin of oft der earst opnij oer debattearre wurde moat.