Koade giel op de Waadeilannen fanwege hurde wyn

It KNMI hat foar de Waadeilannen koade giel ôfkundige foar freedtemoarn. Der kinne wynstjitten foarkomme fan tusken de 75 en 90 kilometer yn 'e oere.
De warskôging jildt fan 6.00 oere oant 14.00 oere. Foar it Fryske fêstelân is koade giel net fan krêft.