Fertochten pinpasfraude Akkrum en It Hearrenfean werkend nei útstjoering Opsporing Verzocht

De plysje © ANP
De fertochten fan bankpasfraude yn Akkrum en op It Hearrenfean binne werkend. De plysje liet tiisdei bylden fan de manlju sjen yn it tv-programma Opsporing Verzocht.
De manlju soenen pind hawwe mei mei bankpassen fan in oar, dy't se mei in ferlechje yn hannen krigen hienen.
De plysje warskôget al langer foar sokke bankpasfraudeurs.