Cambuur útskeakele yn KNVB-beker nei ferlies by twaddedivyzjonist De Treffers

Tom Boere © Orange Pictures
SC Cambuur hat himsels blamearre yn de twadde ronde fan de KNVB-beker. De Ljouwerters binne yn Groesbeek útskeakele troch twaddedivyzjonist De Treffers: 1-0.
Willem den Dekker waard matchwinner foar de thúsploech, dy't yn de foarige ronde al mei 2-0 wûn hie fan RKC Waalwijk. Nei in healoere makke Den Dekker de iennige goal fan de wedstriid.
Nei it esjek tsjin Volendam ôfrûne wykein hie trainer Sjors Ultee syn basisalve op fiif plakken wizige: Doke Schmidt, Calvin Mac-Intosch en Floris Smand stienen yn stee fan Sai van Wermeskerken, Marco Tol en Léon Bergsma yn de ferdigening. Foaryn ferhûze Michael Breij fan links- nei rjochtsbûten. Hingjend op links krige Robin Maulun in basisplak.
De Treffers - SC Cambuur 1-0 (1-0) 30. Willem den Dekker 1-0
Opstelling SC Cambuur: Virgínia; Schmidt, Mac-Intosch, Smand, Bangura; Jacobs, Hoedemakers, Van Kaam; Breij, Boere, Maulun
Yn de begjinfaze wienen de twa ploegen op Sportpark Zuid oan elkoar weage. De bettere kânsen wienen foar Cambuur. Sa draaide in foarset fan Alex Bangura hast yn ien kear it doel yn en slagge it Jamie Jacobs fan tichtby net om de skoare te iepenjen.
De grutste kâns wie miskien wol foar Breij. Hy kaam yn kânsrike posysje foar doelman Niels Kornelis, mar dy makke syn doel lyts en foarkaam de 0-1.
Net folle letter wie it raak oan de oare kant. De bal kaam yn it strafskopgebiet foar de fuotten fan Willem den Dekker, dy't in soad romte krige en úthelje koe. Keeper João Virgínia wie kânsleas op syn skot.
Cambuur baalt nei de 1-0 © Orange Pictures
Cambuur hie it geregeld dreech mei de rappe bûtenspilers fan De Treffers, Gavin Vlijter en Jordy Thomassen. Boppedat slagge der by de Ljouwerters sels net in soad. Spits Tom Boere krige neat klear.
Nei it skoft kaam Remco Balk it fjild yn foar Robin Maulun. It wie al dúdlik dat de Frânsman, dy't ôfrûne snein syn earste minuten sûnt augustus makke, mar in helte spylje soe.
Stadichoan begûn Cambuur better te fuotbaljen. De grutste kâns wie nei in oere spyljen foar Michael Breij, mar syn skot waard fan de line helle.

Mislearre slotoffensyf

Ultee brocht Mitchel Paulissen yn foar Jacobs en Milan Smit ferfong de blessearre Boere. Cambuur jage op de lykmakker, mar it ûntbruts oan suverheid yn de pass.
Yn it slotoffinsyf waard ynfaller Marco Tol, gewoanwei ferdigener, de oanfal yn stjoerd. Mei lange ballen besocht Cambuur wat te forsearjen, mar yn de loft wie De Treffers faak de baas, dus grutte kânsen smiet it net op. En yn de tsjinoanfal lei der in soad romte foar de thúsploech.

Read foar Virgínia

Yn de sân minuten blessueretiid pakte Virgínia noch read. Doke Schmidt luts yn de lêste minuten it keepersshirt oan. Mei in man minder waard Cambuur net mear gefaarlik en dus einiget it bekertoernoai foar de Ljouwerters yn Groesbeek.
De oandacht fan Cambuur kin no op de kompetysje: snein om 16.45 oere stiet de útwedstriid tsjin FC Emmen op it programma.