Oppermachtich Hearrenfean rekkenet ôf mei Volendam yn KNVB-beker

Pelle van Amersfoort nei de 1-0 © Orange Pictures
sc Hearrenfean sit by de lêste sechstjin fan it KNVB-bekertoernoai. Yn eigen hûs tsjin FC Volendam wie Hearrenfean oppermachtich, mar pas nei it skoft makke de thúsploech it ferskil: 2-0.
In doelpunt fan Pelle van Amersfoort, dy't foar it earst sûnt syn weromkomst yn de basis stie, bruts de ban. Sydney van Hooijdonk makke tweintich minuten foar tiid dien wurk.
It basisplak foar Van Amersfoort wie net de iennige wiziging dy't Kees van Wonderen trochfierd hie. Achteryn wie Joost van Aken de ferfanger fan de blessearre Sven van Beek. Foaryn stie Antoine Colassin oan de ôftraap. Yn ferliking mei ôfrûne wykein wienen Rami Al Hajj en Sydney van Hooijdonk harren basisplak kwyt.
sc Hearrenfean - FC Volendam 2-0 (0-0) 48. Pelle van Amersfoort 1-0, 74. Sydney van Hooijdonk 2-0
Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Van Aken, Bochniewicz, Köhlert; Haye, Van Amersfoort, Tahiri; Olsson, Sarr, Colassin
Ek foar doelman Xavier Mous wie der in basisplak en hy hie foar it skoft net in soad te dwaan: Hearrenfean wie oppermachtich.
It skoaren giet lykwols al langer muoisum by de Friezen en dat wie yn de earste helte tsjin FC Volendam net oars. Sa krige Mats Köhlert in grutte kâns en flak dêrnei ek Thom Haye mei in hurde pegel, mar beide skotten gongen njonken it doel fan Filip Stankovic.

Colassin ûngelokkich

Benammen de nijkommer yn de basis, Antoine Colassin, wie net gelokkich by it ôfronden. De Belch krige fjouwer goede mooglikheden yn de earste helte. Faak wie er tichtby, mar syn fizier stie net op skerp.
Antoine Colassin yn duel mei Bilal Ould-Chikh © Orange Pictures
Nettsjinsteande it oerwicht sochten de ploegen mei 0-0 de klaaikeamers op. Goals moasten der komme, en dus wiksele Van Wonderen: kluptopskoarer Sydney van Hooijdonk kaam yn de ploech foar Anas Tahiri.
Oft it dêroan lei of net, al betiid yn de twadde helte wie it raak: nei in koarte corner dribbele Amin Sarr nei de achterline en mei in foarset fûn er Pelle van Amersfoort. Dy stie hielendal frij, hy keas de rjochterhoeke en liet Stankovic kânsleas: 1-0.
Pas in pear minuten dêrnei krige Volendam syn easte kâns fan de wedstriid. In ôffallende bal kaam foar de fuotten fan âld-Hearrenfeanspits Henk Veerman, mar dy skeat de bal rjocht op Mous ôf.

Van Hooijdonk hellet syn gram

Hearrenfean moast dien wurk meitsje, mar die dat earst net. Colassin krige de bal nei in lyts oere spyljen op in presintearbledsje fan Van Amersfoort, mar hy miste op 'e nij.
In lytse tweintich minuten foar tiid wie de wedstriid wol beslikke: nei goed foarwurk fan rjochtsback Milan van Ewijk soarge Van Hooijdonk foar de 2-0 foar Hearrenfean.
Sydney van Hooijdonk en Milan van Ewijk fiere de 2-0 © Orange Pictures
Yn de slotfaze slagge it Volendam net mear om de spanning werom te bringen en dus giet Hearrenfean de koker yn foar de bekerlotting, dy't kommende sneontejûn nei 23.00 oere is. Earder dy jûn, fan 18.45 oere ôf, spilet Hearrenfean in thúswedstriid tsjin AZ.