HEA! De Hoekstra's en Fryske hynders

HEA! Hynders fan Hoekstra
Der is hast net ien yn de famylje Hoekstra út Sibrandabuorren dy't net by it Frysk hynder belutsen is. Se ride der op, fokke der mei, tuge of sitte yn de Fryske Quadrille. De húshâlding sjocht dan ek út nei de Friesian Proms op 12 en 13 jannewaris, dêr't se ek allegearre by belutsen binne.
By it showprogramma fan de Fryske Hynstekeuring hat de hiele famylje wol in rol yn of bûten de ring. Mar ek thús bart der fan alles mei de swarte bisten.
Sa docht Augustinus Hoekstra rouferfier mei koetsen mei Fryske hynders der foar en hat syn frou Janneke in kreamstâl dêr't merjes mei fôlen opfokt wurde. En soan Kjeld leart it mennen ek al. Hy is drok dwaande mei syn Shetlander ponny efter in miny-sjeaske.