Hynstesportcast: "Jurre 495 is de absolute topfavoryt"

Jurre 495 kin sneon foar de fiifde kear útroppen wurde ta algemien kampioen. In unikum. "Ik hoop dat Jurre kampioen wurdt, want takom jier wurdt hy it net", seit fokker Age Okkema fan Sigerswâld.
Yn de oanrin nei de jierlikse Hynstekeuring is der in spesjale Hynstesportcast. Yn de útstjoering sitte Anita Chardon fan stâl Chardon út Jorwert, Age Okkema fan stâl De Mersken út Sigerswâld en kommentator Gerrit de Boer oan tafel.
Wa wurdt de opfolger fan Herre 524? Oan tafel binne sy it der wol oer iens dat fjouwerfâldich kampioen Jurre 495 hiel goede papieren hat. Mar der binne mear favoriten, sa as Tymen 503, Ulbrân 502 en Minne 193.
Jurre 495 op argyfbyld © ANP
It tophynder fan Okkema, Jehannes 484, is der dit jier net by fanwege in blessuere. Okkema tocht sels efkes dat it de ein wie foar syn tophynder.
"Hy hie in flinke blessuere dêr't de prognoaze net goed fan wie. Aldergeloks is Jehannes no sa goed as opknapt, mar ik wol gjin inkeld risiko nimme", seit Okkema. "Hy komt allinnich efkes del as hy hynder fan it jier wurdt."
De Hynstesportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Hy stiet op YouTube en is woansdei en freed om 19.30 oere te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.
Woansdei waard bekend dat it ferneamde hynder Jasper 366 dea is. Dat wie op it momint fan it opnimmen fan de podcast noch net bekend.