Fakbûn FNV net te sprekken oer leansitewaasje by Caparis

Wurknimmers by Caparis © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Fakbûn FNV is net te sprekken oer de sitewaasje by Caparis. By de sosjale wurkfoarsjenning krijt de direkteur in útkearing om de ynflaasje te korrizjearjen, mar de wurknimmers net, om't dy ûnder in oare cao falle.
"Dat is heel zuur", seit Elanda de Boer fan FNV. "Dat vinden we oneerlijk. De cao loopt tot eind dit jaar. We willen graag in overeenstemming komen met de werkgevers om de mensen extra geld te geven in deze moeilijke tijden, maar helaas hebben de werkgevers ons laten weten dat dat niet mogelijk is."
By it sosjale wurkbedriuw wurkje minsken ûnder twa cao's. De iene groep, de minsken fan de sosjale wurkfoarsjenning (sw) falle ûnder in oare cao as de amtners dy't by it bedriuw wurkje, lykas de stêf, begelieding en de direkteur. Dy groep krige fia de cao bygelyks in ynflaasjekompensaasje en ek in salarisferheging. De groep sw-meiwurkers net.
Gemeenten binne de wurkjouwers fan Caparis en dy wize nei it Ryk. "Daar moet het geld vandaan komen voor een structurele oplossing, maar we zitten op dit moment in een inkomenscrisis die om aandacht vraagt. Het is niet meer op te brengen voor deze mensen. Daarvoor kloppen we bij de werkgevers aan en vinden dat ze met een tegemoetkoming moeten komen. Dat is voor de korte termijn. Voor de lange termijn willen we meer geld voor deze branche en trekken we samen op naar het Rijk."
Elanda de Boer fan FNV
It fakbûn besiket op allerhanne wizen wat te dwaan. Sa binne se dwaande mei in oprop oan de wethâlders foar ekstra leansferheging.
"Het minimumloon is met 10 procent gestegen, dat moet worden doorgetrokken in de cao Cociale Werkvoorziening en de cao Aan de slag en we vinden dat de reiskostenvergoeding omhoog moet. Die staat nu op 10 cent per kilometer. De eerste 6 wordt niet eens vergoed."
Foar de wurknimmers moat der wat regele wurde fynt it fakbûn.