De toan fan Froukje Sijtsma: "Op safary troch de stêd"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"As minsken de natoer yn gean, dan sykje se meastentiids de bosk, it wetter of de dunen op. Mar ek yn de stêd is in hiel eigen natoergebiet te ûntdekken, sa stelt biolooch Auke-Florian Hiemstra, ek al is dat bytiden mei wat stadse fratsen.
De 30-jierrige Auke-Florian wurket by Naturalis, in museum en natoersintrum yn Leiden. As promovendus docht er ûndersyk nei de ympakt fan plestik op de natoer. Yn syn koartlyn ferskynde boek 'Perronpapegaaien en krekelcriminelen' nimt er lytse én grutte bern mei op safary troch de stêd.
De toan fan Froukje Sijtsma
Les ien: de grutste bisten yn de stêd, dat binne wy, de minsken. Do komst se oeral tsjin. Hast 50 persint fan de wrâldbefolking wennet yn in stêd. En wêr't minsken harren fêstigje, dêr foarmet him stadichoan in eigen natoergebiet.
Tink mar oan dy brutale seekobben, dy't yn de haven fan Harns dyn lekkerbekje út 'e hannen pikke. Of lykas dy grouwe rôt dy't ik oait seach yn Venetië. Hy kaam yn in drokke strjitte fol restaurants fan in brêge ôfdraven. Troch it geraas fan minsken flechte er gau wer de oare kant op, mar ek dêr skrokken de minsken fan him. It bist sels wie miskien noch wol mear yn panyk as de minsken. Hy koe gjin kant mear op.
Les twa: minsken spylje in belangrike rol yn de natoer. En dat is lang net altyd posityf, want it swalkôffal dat wy produsearje is fan grutte ynfloed op ús leefgebiet, ek fan bisten. Auke-Florian beskriuwt fûgelnestjes, boud fan mûlkapkes, sigarettepeuken en stikjes pypskom.
Sels seach ik yn de binnenstêd fan Ljouwert ris in do foarby fleanen, mei in sateeprikker troch syn strôt. It seach der hiel begrutlik út, mar hy fleach fleurich fierder. Alwer útsjend nei rûnslingerjende pûdsjes patat mei smeudige mayonêze dêr't er syn snaffel ynsette koe. Grutte kâns dat er it skerpe stokje yn 'e hals krigen hie, doe't er fleisrestjes fan in spies besocht ôf te fretten.
Ek myn freon seach lêst wat nuvers. Hy spotte in goes dy't mei syn bek fêstsiet yn in blikje Red Bull. Fan dat mjitske enerzjydrankje 'krijg je vleugels'. Mei dat blikje koe der dus noch langer fleane, mar grutte kâns dat er no net mear libbet.
Yn de stedsnatoer barre der saken dy't je soms net ferwachtsje. As studint siet ik ris yn it Noarderplantsoen yn Grins it boek 'Minskrotten. Rotminsken' fan Trinus Riemersma te lêzen. De roman giet oer de ferwoasting fan in stêd troch rotten sa grut as minsken. Ynienen seach ik wat bewegen yn it wetter. In rôt? Nee, it wie it kopke fan in lytse skyldpod. Grif oait loslitten troch minsken flak foar harren fakânsje.
It is allegear natoer, seit Auke-Florian. Mar net perfoarst ien dêr't wy grutsk op wêze kinne. Hy seit: "Je denkt misschien dat jij in je eentje niet zoveel kunt beginnen tegen zwerfvuil, maar dat heb je mis. Als je elke dag onderweg naar school één ding opraapt, zijn dat al meer dan 200 dingen per jaar. Alle beetjes helpen."
Hiel nobel, mar as minsken harren rotsoai no gewoan net rûnslingerje litte op strjitte, dan hoege skoalbern it ek net op te romjen. En dan kin de stedsnatoer him, sûnder sateeprikkers en blikjes Red Bull, moai fierder ûntwikkelje."