'Protterdûns' fan fotograaf Johannes Bosgra yn wichtichste fotomuseum fan Sina

In bysûnder byld fan protters dy't yn de loft dûnsje: fotograaf Johannes Bosgra fan Hurdegaryp makke it by in blau oerke (it oere foardat de sinne opkomt) by him yn de buert.
Bosgra is der yn 2020 mei begûn. "Der sitte in miljoen protters yn it Bûtefjild en dy meitsje geweldige dûnsen yn de loft. Ik ha besocht se op in abstrakte manier te fangen en muzyk deryn sjen te litten."
Hy hie nea dreame doard dat de foto de wrâld oerreizgje soe en dat er der ynternasjonale prizen mei winne soe. De protterdûns hinget no tusken topfotografen yn it wichtichste fotomuseum fan Sina. Syn wurk hinget dêr by grutte nammen as Erwin Olaf en Dana Lixenberg. De tentoanstelling is der om stil te stean by 50 jier diplomatike relaasje tusken Sina en Nederlân.
It wurk is fjouwer meter breed. "De protters foarmje ien grute holle, mar yndividueel kinst de protters ek sjen as se sa grut te sjen binne."
Bosgra sette muzyk ûnder de protters by wize fan deademis, as symboal foar it ôfnimmende bioferskaat. "As ik in lânskip sjoch, hear ik muzyk yn de holle en ek oarsom. Dat besykje ik te fangen yn fideo's dy't ik meitsje sadat it in totaalerfaring wurdt foar it publyk."
Syn wurk foel ek op by it ynternasjonale fotografytydskrift LIFE Magazine yn Sina. Bosgra syn wurk waard siden breed útmetten yn it tydskrift. In grutte eare, sa fynt de Hurdegarypster.