Provinsje Fryslân wol it brûken fan pestisiden ôfbouwe

Yn Fryslân wurde noch te folle pestisiden brûkt tsjin ynsekten, ûngedierte en skimmels. Dat fynt de provinsjale polityk.
Op inisjatyf fan GrienLinks, SP, D66, PvdD. PvdA, FNP en 50Plus hawwe Deputearre Steaten no in plan fan oanpak makke dat liede moat ta in reduksje fan it pestisidegebrûk. It giet ûnder oare om bewustwurdingskampanjes, test- en eksperimintearromte foar boeren en in lobby foar it goedkarren fan alternative bestridingsmiddels.
Deputearre Steaten lûke mei-inoar 7 ton út foar ferskate maatregels en sille oer twa jier evaluearje oft de oanpak ek fertuten docht.
'Provinsje jout goeie foarbyld'
"Pesticiden zijn nog toegestaan, maar we zien dat het best wel slecht is voor bodem, water en voor de dieren die er leven. Wij zetten daarom actief in op reductie", seit deputearre Avine Fokkens.
De provinsje Fryslân sil it goeie foarbyld jaan troch sels ek gjin pestisiden mear te brûken. Ek op de 40 bunder ikkerboupachtgrûn fan de provinsje moat it brûken fan pestisiden foar 2030 werombrocht wurde nei 0, sa is it doel.
It ôfbouwen fan pestisiden past by provinsjale programma's as de Kaderrichtlijn Water en it Fryske boaiembelied. De provinsje wol oer twa jier hifkje oft de keazen oanpak fertuten docht.
Harkje nei deputearre Avine Fokkens