By Cambuur is it in kwestje fan ynvestearje of degradearje

Sportcast © Omrop Fryslân
Nei it dramatyske ferlies tsjin FC Volendam is it foar Cambuur no derop of derûnder. Oftewol: spilers helje of degradearje. Dat is de algemiene konklúzje yn de Sportcast.
"Cambuur moat as de soademiter de transfermerk op en spilers helje dy't it alvetal deegliker meitsje", sa seit Wybren de Boer. Geert van Tuinen is it hjir mei iens. Der mankearret wat oan de seleksje, sa seit hy. "Sy hienen Seuntjens (Mats Seuntjens gie dizze winter fan Fortuna Sittard nei RKC Waalwijk, red.) helje moatten. Dy hie de pikoarder yn de seleksje feroare. Sa'n spiler skoddet de klaaikeamer op. It is no kollektive nearzichheid. Der moatte nije ympulzen yn."

"Portugeeske senuwpil"

Keeper João Virgínia wie miskien wol de minste Cambuurspiler snein. "In Portugeeske senuwpil", sa neamt Arjen de Boer de doelman. Hy freget him ôf oft it in idee is om Sonny Stevens werom te heljen. "Dy sit op Kreta al sûnt oktober op de bank."
De supporters fan de Ljouwerter fuotbalklup litte ûndertusken fan har hearre. "Social media ûntploft. Sy hawwe der it smoar yn", konstatearje de analisten.
Sportklup Hearrenfean spile sneon mei 0-0 lyk tsjin RKC Waalwijk. Ferslachjouwer Roelof de Vries is aardich posityf oer it spul fan de Friezen: "It wie yn de earste helte wat in skaakspultsje, mar yn de twadde helte wie it better. It wie net in wedstriid dêr't we it oer tsien jier noch oer hawwe, mar it wie bêst wol aardich."

Noppert noch by Hearrenfean

Andries Noppert stiet noch hieltyd tusken de peallen by sc Hearrenfean. De Vries tinkt dat Noppert Hearrenfean ferlitte sil. It wurdt dan net Ajax, want dy klup hat al in oare doelman oanlutsen. De Amsterdammers hawwe ek net ynformearre by Hearrenfean. "Der hat wol in petear west mei de saakwaarnimmer fan Noppert, mar dêrút die bliken dat hy by Ajax tredde kar wêze soe", stelt De Vries.
Hearrenfean hat problemen mei it meitsjen fan goals, mar de klup krijt ek hast gjin tsjindoelpunten. It útfallen fan Sven van Beek is in domper, seit De Vries. "Hy sil der mei in haksineblessuere moannen út wêze. En Van Beek is de bêste ferdigener dy't Hearrenfean hat."
Yn de sportcast wurdt ek praat oer de posysje fan Amin Sarr. "Dy moat yn de spits, as meast talintearre spiler fan Hearrenfean", fynt Wybren de Boer. Neffens De Vries stiet Sarr himsels wat yn it paad. "Ik hear dat hy op de training wol wat stekjes falle lit. It mei allegear wol wat feller, wat fanatiker en serieuzer. Hy stiet stil yn syn ûntwikkeling."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.