Mooglik ein seizoen foar Sven van Beek troch blessuere

Van Beek ferlit it fjild blessearre © Orange Pictures
Sven van Beek is moannen út de rûlaasje troch in blessuere oan syn haksine (achillespees). Dat skriuwt syn klup sc Hearrenfean. Van Beek moast by de wedstriid tsjin RKC Waalwijk ôfrûne wykein yn de lêste minuten it fjild ferlitte.
Undersyk yn it sikehûs hat útwiisd dat de ferdigener en oanfierder fan de Feansters nei alle gedachten in pear moannen net yn aksje komme kin.