Ljouwerter bedriuw foar wetterbesparjen slacht slach yn Feriene Steaten

In hydraloop kin wetter besparje by húskes © Hydraloop Systems
It Ljouwerter bedriuw Hydraloop is in gearwurking oangien mei de Amerikaanske ynvestearringsmaatskippij Bowersox Investment. De ynvestearder wol yn de steat Georgia 140 huzen bouwe mei in hydraloopsysteem.
In hydraloop is in systeem dêr't wetter mei besparre wurde kin. It apparaat, dat wol wat wei hat fan in kuolkast, wurdt pleatst yn huzen of oare gebouwen.
Wetter dat brûkt wurdt foar dûsen of it waskjen fan de hannen wurdt dan net fuortspield, mar opfongen. Dêrnei wurdt it desynfektearre en dan kin it nochris brûkt wurde foar it trochspielen fan it húske of yn de waskmasine. Sa kin 45 persint besparre wurde.
© Hydraloop Systems
Hydraloop wie al aktyf yn de Feriene Steaten, mar benammen yn lytsere projekten. De gearwurking mei Bowersox jout de mooglikheid om dêr lanlik te gean.
"Bowersox bouwt hele woonwijken. Zij hebben aangegeven dat dit hun nieuwe standaard wordt", seit mei-oprjochter Sabine Stuiver fan Hydraloop. "Dus dat dit systeem komt in alle huizen die ze gaan bouwen. Dit is ongelooflijk belangrijk voor ons. Er is daar veel droogte in verschillende staten. Water besparen is dus van groot belang."
No steane der op lytse skaal al systemen yn huzen yn ûnder oare Californië.

Las Vegas goed foar Hydraloop

De oerienstimming is tekene op de grutte techbeurs CES yn Las Vegas. Dêrby wie ek prins Constantijn fan Oranje. Dy hat as ambassadeur fan Nederlânske start-ups in belangike rol spile, seit Stuiver.
Hydraloop hat goede ûnderfining mei de beurs. Yn 2020 wûn it bedriuw dêr fjouwer prizen en waard it keazen ta 'CES Best of the Best'. Ek dit jier is it bedriuw wer yn de prizen fallen. Sa wûn it in ynnovaasjepriis. Stuiver: "Nu hebben we ook weer veel gesprekken gehad met investeerders en andere geïnteresseerden."

Wetterbesparring standert

Beide bedriuwen wolle mei de oerienkomst in dúdlik sinjaal ôfjaan: wetterbesparring moat standert wurde en gjin opsje wêze. De oerienkomst yn Georgia is dêr in begjin fan, tinke beide bedriuwen.
Stuiver reizget nei Las Vegas troch nei Denver. Dêr sil se mei partijen om tafel om te sjen wêr't in fabryk boud wurde kin. "Het is de bedoeling dat we dit jaar een assemblagelijn beginnen in Amerika en ook eentje in het Midden-Oosten. Voor Noord-Nederland betekent dat ook extra werkgelegenheid. De kleinere onderdelen worden hier gemaakt en dan verscheept."
Op it stuit wurde de systemen fan Hydraloop al yn sa'n 30 lannen oer de wrâld brûkt.