Cambuur begjint dramatysk oan 2023 en is de nije hikkesluter

Teloarstelling by Sai van Wermeskerken © ANP
SC Cambuur is de nije hikkesluter fan de earedivyzje. Yn de degradaasjekreaker tsjin FC Volendam ferlear de ploech fan de nije trainer Sjors Ultee thús mei 0-3.
Al binnen tsien minuten seach Cambuur tsjin in efterstân fan 0-2 oan. In kertier foar tiid makke Henk Veerman der mei syn earste balkontakt sels 0-3 fan.
Ultee begûn mei Tom Boere yn de spits. Roberts Uldrikis ûntbruts, hy is ien fan de slachtoffers fan in grypweach by de Ljouwerters. Robin Maulun siet foar it earst sûnt augustus wer by de seleksje, nei't er der lang út lei mei in blessuere.
Opstelling SC Cambuur: Virgínia; Van Wermeskerken, Tol, Bergsma, Bangura; Jacobs, Hoedemakers, Van Kaam; Van der Water, Boere, Breij.
De wedstriid begûn dramatysk foar Cambuur. Nei sân minuten spyljen krige linksback Derry John Murkin romte om de achterline te heljen. Hy lei de bal werom op Bilal Ould-Chikh, dy't fan de strafskopstip ôf fraai binnenskeat.
In minút letter wie de malêze kompleet: âld-Cambuurspits Robert Mühren waard troch Xavier Mbuyamba fuortstutsen mei in djippe bal en fersloech de útkommende doelman João Virgínia.

Ultee grypt yn

Nei in healoere naam Ultee maatregels yn de definsje: Sai van Wermeskerken en Marco Tol waarden nei de kant helle en ferfongen troch Doke Schmidt en Floris Smand.
Achteryn stie it dêrnei better, mar oan de bal holp it net in soad. Al krige Cambuur foar it skoft noch wol in bûtengewoan grutte kâns: doelman Filip Stankovic ferwurke in frije traap van Michael Breij net goed, wêrtroch't León Bergsma op in pear meter foar de goal de bal foar it ynskoppen hie. Hy krige de bal lykwols net foarby Stankovic, dy't by de rebound wol skerp wie.
Léon Bergsma en Tom Boere nei in miste kâns © Orange Pictures
Ien fan de problemen foar Cambuur is de linskbûtenposysje. Foar it skoft stie dêr Michael Breij, mar dy stie dêr dúdlik net op syn plak. Yn de twadde helte mocht Milan Smit it besykje, mar folle better waard it der net fan.
Oanfierder Alex Bangura socht as linksbûten ek geregeld de oanfal. Faak hoegde Volendamdoelman Stankovic lykwols net yn aksje te kommen.

Veerman makket it noch pynliker

Ynfaller Henk Veerman, dy't goed twa jier lyn Hearrenfean al de derbywinst besoarge yn it Cambuurstadion, makke de middei noch pynliker foar de thúsploech. Mei syn earste balkontakt koppe er de 0-3 tsjin de touwen.
It minne spul en de achterstân soarge ek foar frustraasje op de tribune. Ien fan de supporters rûn it fjild op en waard dêr troch stewards wer fan ôfhelle. It typearre de beroerde middei foar Cambuur.
Yn de slotfaze slagge it Cambuur net om it duel noch spannend te meitsjen. Sterker: de grutste kânsen op in doelpunt bleaune foar Volendam. Skoard waard der net mear.

Alve kear sûnder doelpunt

Foar de Ljouwerters is dit it sechsde ferlies op rige en de alfde wedstriid dit seizoen sûnder doelpunt te meitsjen. Nei fyftjin wedstriden stiet Cambuur lêste mei acht punten.
Kommende woansdei spilet Cambuur in bekerwedstriid tsjin De Treffers. Oare wike snein stiet der op 'e nij in earedivyzjewedstriid tsjin in direkte konkurrint op it programma: út tsjin FC Emmen.