Kuorballers LDODK oppermachtich yn noardlike derby

Julian Frieswijk fan LDODK © Dijks Media
De noardlike derby tusken DOS'46 en LDODK is mei flink ferskil beslist yn it foardiel foar de Friezen. Yn Nijeveen wienen de Gordyksters mei 17-24 te sterk foar de Drinten.
De thúsploech kaam lykwols sterk út de startblokken, want nei sân minuten stie DOS'46 op in 4-1 foarsprong. Mar doe lieten benammen de ynternasjonals fan LDODK sjen dat se maklik skoare kinne. Harjan Visscher (3), Ran Faber (4) en Femke Faber (3) hellen in heech skotpersintaazje en setten de Friezen op in 13-5 foarsprong by it skoft.
Yn de twadde helte rûn it ferskil op nei tsien goals. Julian Frieswijk wie op dreef mei fiif treffers, en ek Rixt Bouma makke twa goals. Fia Marjolijn Kroon waard it 23-13. Yn de slotfaze koe de Drintske ploech fan trainer/coach Henk Jan Mulder út Drachten it noch in bytsje draachliker meitsje.
Harjan Visscher oer winst yn noardlike derby
Harjan Visscher spilet sûnt dit seizoen foar LDODK, mar wennet yn Nijeveen. De ynternasjonal fan TeamNL spile dus eins in bytsje in thúswedstriid. Visscher spile yn it ferline by DOS'46, mar gie letter nei Delft. Dêr waard hy mei Fortuna lânskampioen en wist hy in plak in it Nederlânsk team te heljen.
Ferline jier ferhûze hy mei syn freondinne wer nei it noarden. Syn ambysje is om mei LDODK foar it earst yn de histoarje in haadpriis nei Fryslân te bringen.
Rixt Bouma wint mei LDODK noardlike derby
Rixt Bouma spilet dit seizoen yn de basis fan LDODK 1. Yn har earste noardlike derby op it heechste nivo wist se twa kear te skoaren en seach se dat LDODK goeie saken dwaan koe yn de striid om de boppeste plakken.
Bouma studearret noch en hie eins yn febrewaris mei in bûtelânske staazje úteinsette moatten. Mar yn oerlis mei skoalle is de staazje ferskood, sadat Rixt it sealseizoen mei LDODK ôfmeitsje kin.
LDODK spilet takom wike thús tsjin hikkesluter Unitas út Hurderwyk. Dêrnei folgje twa pittige duels yn de striid om de play-offs. Op snein 22 jannewaris spylje de Friezen yn Delft tsjin koprinner Fortuna. In wike letter treft LDODK yn Bennekom konkurrint DVO.
De fjouwer sterkste teams pleatse har foar de play-offs om de lânstitel. De finale om de lânstitel is op 15 april yn Ahoy yn Rotterdam.

Stân Kuorbal League

TEAM DUELS PUNTEN
1. Fortuna 7 11
2. PKC 6 9
3. DVO 7 9
4. LDODK 7 9
5. KZ 7 8
6. Blauw Wit(A) 7 7
7. KCC 6 5
8. DOS'46 7 5
9. Groen Geel 7 5
10. Unitas 7 0