Van Hooijdonk iepenhertich nei krityk: "Leuk en fijn is het niet"

Sydney van Hooijdonk yn de wedstriid tsjin RKC © ANP
De 0-0 juster tsjin RKC is al de sânde wedstriid dit seizoen dat sc Hearrenfean net ta skoaren kaam is. Der binne mar trije ploegen mei minder doelpunten yn de earedivyzje en dy steane op de ûnderste trije plakken. It ropt de fraach op oft de oanfalsliny fan Hearrenfean wol goed stiet.
Benammen oer it basisplak fan Sydney van Hooijdonk is wol wat te dwaan. Mei seis goals is de hierling fan Bologna kluptopskoarer, mar klupikoan Foppe de Haan sei trije wiken lyn dat Van Hooijdonk ûnder him net spylje soe.
De âld-trainer die syn útspraken yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. "Ik soe Sarr altyd yn de punt fan de oanfal sette. Van Hooijdonk soe neist my sitte op de bank. Ik fyn him fuotbaljend safolle tekoart kommen."
Dit sei Foppe de Haan ferline moanne oer Sydney van Hooijdonk:
Foppe de Haan yn de Sportcast oer Sydney van Hooijdonk
Van Hooijdonk hat dat ek meikrigen. Hy hat de podcast sels net harke, "maar ik heb het heel vaak doorgestuurd gekregen. Vooral veel van mensen in Breda."
"Wat ik ervan vind, dat doet er niet toe. Ik weet dat ik dingen moet ontwikkelen, ik ben altijd zelfkritisch. Voetballend vond ik het tegen RKC trouwens wel prima gaan, maar er zijn zeker wedstrijden geweest waarin het minder was. Dat moet ik ontwikkelen."
Ik vind dat ik moet spelen.
Sydney van Hooijdonk
De spits sjocht nei himsels, mar byt ek fan him ôf. "Ik snap niet waarom er discussie is over iemand die ongeveer 1 op 2 loopt het afgelopen jaar in de eredivisie (yn 2022 skoarde Van Hooijdonk 13 goals yn 29 wedstriden, red.). Het is Foppe zijn mening, die mag hij uiten, maar ik kan er niet zoveel mee. Ik vind dat ik moet spelen."
Sydney van Hooijdonk hat de krityk meikrigen: "Nooit leuk als speler"
En dat Hearrenfean dit seizoen noch mar dreech ta skoaren komt, leit neffens Van Hooijdonk net allinnich oan de spitsposysje. "We moeten meer echt grote kansen creëren. De laatste bal is telkens net niet goed. En die moet wel goed zijn om doelpunten te kunnen maken."
De krityk dy't hy krijt, fan ûnder oare Foppe de Haan dus, docht him wol wat. "Dat is nooit leuk als speler. Er zijn voetballers die zeggen dat ze kritiek van buitenaf nooit meekrijgen, maar dat klopt niet. Je krijgt het wel mee. Je moet ermee omgaan, proberen je focus te houden op de dingen waar je wel invloed op hebt. Maar leuk en fijn is het zeker niet."