Femke Kok kin goed libje mei sulver: "Ik ha de opgeande line te pakken"

Nei in minne start fan it seizoen stiet Femke Kok der op it EK sprint dochs: mei sulver hoecht se allinnich de oppermachtige Jutta Leerdam foargean te litten. "It is op dit stuit it heechst helbere."
Ein oktober, op it kwalifikaasjetoernoai foar de wrâldbekers, slagge it Kok net om har te pleatsen foar de 1.000 meter op it ynternasjonale sirkwy. Se baalde dêr bot fan, want dêrom mocht se yn wedstriidferbân hast allinnich mar 500 meters ride.
"Ik wie sa frustrearre, dêrom ha ik dêr de ôfrûne wiken hiel bot op traind. Dat wie net de planning, mar ik woe der echt oan wurkje."
Femke Kok kin libje mei har sulveren medalje op it EK sprint
Se seit dat de har prestaasjes op de wrâldbekers dêrom miskien net altyd top wienen, mar op de lange termyn moat it har wat opsmite. Yn Hamar dit wykein wie it net genôch om Leerdam nerveus te meitsjen, mar Kok wie wol dúdlik better as de rest.
Mei har toernoai en de sulveren medalje as resultaat kin se dêrom wol libje. "Der sieten goede dingen yn, ek minder goede dingen. Ik ha wat mingde gefoelens, mar oer it algemien bin ik tefreden."
It set my ek wer op skerp foar de 500 meters dy't der noch oan komme.
Ien fan de 'minder goede dingen' wie de twadde 500 meter. "Dy gong net sa lekker. Ik miste de lêste bocht in bytsje, dêrtroch ferlear ik wat snelheid. Skande, want ik hie de 500 meter graach nochris winne wold."
Se kin der ek it positive fan yn sjen: "It set my ek wer op skerp foar de 500 meters dy't der noch oan komme. En dat ik op de earste dei de 500 meter wol wûn, jout fertrouwen. Ik ha nei myn idee de opgeande line te pakken. Dat wol ik útbouwe, sadat ik op de NK ôfstannen noch better bin."
Hoopje op in útsjitter
Dy NK ôfstannen binne yn it earste wykein fan febrewaris. Dêr kinne de riders ek startbewizen feroverje foar it belangrykste toernoai fan it seizoen: de WK ôfstannen, begjin maart yn Thialf.
Yn de tuskentiid komt der in trainingsblok oan foar Kok, mei in trainingskamp yn Collalbo. Dêr kin se noch better wurde. "Ik bin konstant, der sitte gjin hiele minne ritten mear tusken. Mar ik hoopje dat der nochris in útsjitter komt.
Marrit Fledderus einige krekt njonken it poadium