Rijpma-de Jong bliuwt klassemintslieder op EK allround, Groenewoud twadde

Antoinette Rijpma-de Jong giet nei de earste dei fan it EK allround yn Hamar oan kop. Op de twadde ôfstân, de 3.000 meter, wie allinnich de pleatslike favoryt Ragne Wiklund flugger.
Rijpma-de Jong finishste yn in tiid fan 4.01,40. Dat wie oardel sekonde stadiger as winneres Wiklund (3.59,92). Marijke Groenewoud fan Hallum sette in tiid fan 4.04,18 del.
Utslach 3.000 meter froulju
1. Ragne Wiklund | 3.59,92 |
2. Antoinette Rijpma-de Jong | 4.01,40 |
3. Marijke Groenewoud | 4.04,18 |
4. Robin Groot | 4.09,40 |
5. Sofie Karoline Haugen | 4.15,05 |
Nei de 3.000 meter stiet Rijpma-de Jong noch hieltyd boppe-oan yn it klassemint. Groenewoud is de nûmer twa op mei in efterstân fan 2,82 sekonden. Wiklund stiet tredde en liket de foarnaamste kandidaat om it Rijpma-de Jong noch dreech te meitsjen.
Rijpma-de Jong stiet der goed foar, fynt se sels. "De earste dei fyn ik faak wol lestich. Mar it is goed gien, dus ik bin der wol tefreden mei. Dat jout ek wat rêst."
Antoinette Rijpma-de Jong giet oan de lieding en is tefreden oer har earste dei
Op de 3.000 meter ferlear Rijpma-de Jong har rit fan Wiklund. "Ik hie dat wol ferwachte, mar ik koe bêst goed meikomme. Har rondetiden gienen omheech, ik gong net hiel bot stikken."
Wa't har grutste konkurrint is, wit se net. "Ragne is foaral goed op de 5.000 meter, mar se kin ek in goede 1.500 meter ride. En Marijke kin beide ek goed. Ik hoopje dat Marijke it ek goed docht."
Mindere 3.000 meter Groenewoud
Groenewoud sels wie benammen tefreden oer har 500 meter. "Myn tredde tiid oait leau ik, dus dat is prima. De 3.000 meter wie wat minder. Mar op in toernoai ha je altyd in mindere ôfstân, dus ik hoopje dat ik dy dan no hân ha."
It wie foar Groenewoud wol in neidiel dat se de 3.000 meter allinnich ride moast. Har Belgyske tsjinstanner melde har flak yn it foar ôf. "Ik wie oan it ynfytsen, doe't se my fertelde dat se net ride soe. Dat mei in race net beynfloedzje, mar ik bin wol in racer. In tsjinstanner makket it foar my wol wat makliker."
Klassemint nei 2 fan de 4 ôfstannen
Achterstân op 1.500 meter | |
1. Antoinette Rijpma-de Jong | |
2. Marijke Groenewoud | + 2,82 |
3. Ragne Wiklund | + 2,88 |
4. Robin Groot | + 7,50 |
5. Laura Peveri | + 13,23 |
500 meter
Earder op de dei wûn Antoinette Rijpma-de Jong de earste ôfstân fan it Europeesk kampioenskip allround. Dat wie de 500 meter, dêryn fersloech se Marijke Groenewoud yn in streekrjocht duel.
De 38,55 fan Rijpma-de Jong wie de iennige tiid ûnder de 39 sekonden. Groenewoud siet dêr krekt boppe mei 39,03. De Fryske froulju einigen dêrmei op ien en twa yn Hamar. Mar, dat net allinnich. Se pakten ek noch in behoarlike foarsprong op de konkurrinsje.
Robin Groot waard tredde yn 39,72 en de Noarske Ragne Wiklund, dy't it hawwe moat fan de langere ôfstannen, einige as fjirde yn 39,76. Foar it toernoai neamden Rijpma-de Jong en Groenewoud dyselde Wiklund as ien fan de grutste konkurrinten.
Utslach 500 meter froulju
1. Antoinette Rijpma-de Jong | 38,55 |
2. Marijke Groenewoud | 39,03 |
3. Robin Groot | 39,72 |
4. Ragne Wiklund | 39,76 |
5. Sandrine Tas | 40,35 |
Snein binne de restearjende twa ôfstannen fan it Europeesk kampioenskip allround.
Earst is de 1.500 meter sneintemiddei en de bêste acht riders út it klassement bepale dan op de 5.000 meter wa't de winner wurdt.