Rijpma-de Jong vs. Groenewoud: favoryt tsjin útdager op EK allround reedriden

De ien is de grutte favoryt op it EK allround, de oar miskien wol har grutste útdager: de Friezinnen Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud lûke de oandacht yn Hamar.
Oardel wike lyn, op it NK allround yn Thialf, pakte Rijpma-de Jong (27) har fjirde nasjonale titel. Foar de nûmer twa fan dat toernoai, Groenewoud (23), wie it pas it twadde allroundtoernoai yn har karriêre. Se wol yn Noarwegen in goai dwaan nei de titel, mar jout ta: "Antoinette is de grutte favoryt."
Dêr kin Rijpma-de Jong sels ek net ûnderút. Har grutste gefaar, neffens harsels? "In minne race. It allrounden, fjouwer goede ôfstannen ride, dat bliuwt dreech. Ik kin ek foutsjes meitsje, dat is de ôfrûne jierren ek wolris gebeurd."
Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud steane foarinoar oer
De lêste fiif ynternasjonale allroundtoernoaien dêr't se oan mei die, stie se lykwols altyd op it poadium: trije kear brûns op it WK en twa kear goud op it EK. "Mar elke wedstriid is wer oars. It is hjir ek net itselde as oardel wike lyn yn Thialf. Dêr hâld ik yn 'e holle ek rekken mei, dat it hjir samar minder gean kin. Dêrom bliuw ik ek altyd foarsichtich."
As se dan dochs oare riders oanwize moat as konkurrinten, dan komt de namme fan thúsrydster Ragne Wiklund bygelyks. Of fan feterane Martina Sáblíková, de fiiffâldich Europeesk kampioene allround út Tsjechië. Mar fansels ek fan Marijke Groenewoud, dy't mei de wedstriid better liket te wurden.
It ynterview mei Antoinette Rijpma-de Jong wie opnaam foardat Martina Sáblíková har ôfmelde foar it EK.
Groenewoud giet de útdaging graach oan. "Op it NK wie it ferskil grut, mar ik ha no wer in nije kâns. Foar my moat it op de langere ôfstannen gebeure, want op de 500 en de 1.500 is Antoinette hartstikke rap."
Ik ha op nijjiersdei noch hûndert rûntsjes riden op it NK maraton.
Dêr moat Groenewoud de skea dus sjen te beheinen. Oft se nei it NK allround noch oefene hat op dy koartere ôfstannen? "Neuh, net echt: ik ha op nijjiersdei noch hûndert rûntsjes riden op it NK maraton."
Nei sa'n maraton is it omskeakeljen foar de Hallumse. Mar it gefoel wie al gau goed yn Hamar, dêr't se sûnt woansdei is. Se is ûnder de yndruk fan de legindaryske iishal, Vikingskipet. "Ik hie hjir noch noait west, mar it is wol bysûnder. En dy moaie skaats dy't derboppe hinget, it is in hiel moaie baan."

Groenewoud is dus noch in nijkommer op allroundmêd en dochs is se al ien fan de grutste outsiders. "It hat in hiele stap west foar my", seit se. "Ik bin bliid dat it sa goed giet. En no wol ik ek winne, want it is moai om op sa'n titeltoernoai te stean."
En miskien is se wol yn it foardiel yn Hamar, tinkt se. "It is hjir oars as yn Thialf. De omstannichheden wat swierder. Wêr't dat 'm krekt yn sit, wit ik earlik sein net. Mar ik tink dat Antoinette dêr wat mear muoite mei hat, dus wa wit. En ik tink dat it wol by my past."
Marijke Groenewoud sjocht Antoinette Rijpma-de Jong as grutste konkurrinte
Rijpma-de Jong is ek graach yn Hamar. Se pakte dêr al twa kear brûns op in WK allround. "It is hiel noflik om hjir te wêzen. It is in moaie omjouwing en in moai lân. Ik hoopje der no wer wat moais fan te meitsjen."
Foar de Rottumse, titelferdigener en topfavoryt dus, is it oant no ta wol in drok seizoen. Begjin desimber no twa wrâldbekerwykeinen yn Calgary (Kanada), tusken de krystdagen en âld en nij it NK allround en no dus alwer yn Noarwegen.
"Ik fiel my noch hieltyd goed", seit se. "Dat wol ik ek graach sa hâlde. Moatst der altyd wer stean. Oan de ein fan in allroundkampioenskip hast de put der ek wol út, mar dat heart derby. As dat net it gefal is, dan hast it net goed dien."

It Europeesk kampioenskip allround begjint hjoed om 11.49 oere. Dan ride sy de earste ôfstân, de 500 meter. Letter op de dei folget de 3.000 meter. Moarntemiddei ride de froulju de 1.500 en 5.000 meter.
Hjoed is de ek de twadde en lêste dei fan it EK sprint, dat is ek yn Hamar. Op dat toernoai binne de Friezinnen Femke Kok, Marrit Fledderus en Ellia Smeding aktyf.
Omrop Fryslân is der it hiele wykein by en folget de ferrjochtingen fan de Fryske froulju.