Saakkundigen fernimme mear drugsriders: "Een hele kwalijke zaak"

De grutte plysjekontrôle by de A32 © BTBfotografie
By de grutte plysjekontrôle op de A32 fan tongersdei waarden ferskate drugsriders oanholden. It tal minsken dat mei drugs efter it stjoer krûpt nimt ta, sjogge saakkundigen. Dêrom stelt it CBR dit jier ek in nije kursus yn.
By de plysjekontrôle op 'e hichte fan Aldeholtpea hat de plysje ek bestjoerders oanholden dy't ûnder ynfloed rieden. Tusken de fiif en de tsien minsken sieten oan 'e ein fan de middei mei drugs efter it stjoer, sa joech de plysje oan. Yn ien auto waard sels in grutte hoemannichte fûn.
"Enerzijds schrik je daar behoorlijk van, het gaat toch om de verkeersveiligheid. Anderzijds past het wel in een trend die we zien", sa jout Sjoerd Houwing fan it CBR oan, saakkundich op it mêd fan alkohol en drugs yn it ferkear.

Tanimming yn it ôfrûne jier

"We weten niet precies hoe groot het probleem is, maar we zien wel afgelopen jaar 25 procent meer meldingen van drugsrijders bij het CBR dan het jaar ervoor. Ook is er recent onderzoek in samenwerking met de politie waarbij werd waargenomen dat er meer mensen voor rijden onder invloed van drugs werden gepakt, dan van alcohol.
Ut plysjesifers die bliken hat lanlik yn de earste tsien moannen al mear minsken ûnder ynfloed rieden as yn hiel 2021. Dêr hearre ek minsken by dy't mei drugs efter it stjoer sieten. Ride mei drank of drugs stiet noch altyd yn de top fiif fan oarsaken fan ferkearsûngelokken.
Ride ûnder ynfloed © Shutterstock.com (Smarteless)
No binne de testen fan de plysje ek better wurden, mar dêr leit neffens Houwing net de oarsaak fan de tanimming. "Sinds medio 2017 heeft de politie de speekseltesten om het gebruik aan te tonen. Maar we zien die stijging echt in het laatste jaar. Niet alleen in Nederland, maar ook in andere westerse landen."

'Kwalijke zaak'

Dat der mear drugsriders binne, neamt Houwing in 'hele kwalijke zaak.' Hy fynt dat minsken te min bewust binne fan de gefolgen: "Dan gaat het niet alleen om de veiligheid van jezelf, maar ook om die van je medeweggebruikers."
In grut misferstân is neffens Houwing dat je fan guon oppeppende drugs better ride soene. Hy fertelt dat der oer it generaal trije soarten drugs binne: "Verdovende drugs, stimulerende drugs en drugs waarvan je bewustzijn verandert, waarbij je bijvoorbeeld gaat hallucineren." Al dy typen drugs binne gefaarlik foar de ferkearsfeiligens, stelt Houwing.

Je ride ek minder fan oppeppende drugs

"Je kunt wel een snellere reactietijd krijgen van stimulerende drugs, maar het heeft ook negatieve effecten op andere zaken. Je gaat dichter op je voorganger rijden, je neemt meer risico, je zicht wordt minder. Dat leidt allemaal tot een verminderde rijvaardigheid, waardoor er veel meer ongelukken gebeuren."
Hoefolle ûngelokken yn Nederlân krekt troch drugs feroarsake binne, wurdt neffens Houwing net goed byholden. Mar hy fernimt wol dat it yn oare lannen bot tanimt.

Meast kannabis

It giet dan benammen om minsken dy't kannabis smookt hawwe. "Als je kijkt naar Europees onderzoek van een aantal jaren terug, dan zie je dat cannabisgebruikers over alle dagen van de week en tijdstippen te vinden zijn in het verkeer."
Mei oare soarten drugs kin dat wer oars wêze. "XTC zie je bijvoorbeeld eerder in de weekendnachten of op zondagochtend." Ek amfetamine en kokaïne komme geregeld foar yn it ferkear.
It CBR © ANP
Nij is dat it CBR fan april ôf nije edukative maatregels brûke kin, dy't oan minsken oplein wurde troch de plysje. "We hebben nu al cursussen over 'alcohol en verkeer' en 'gedrag en verkeer', op 1 april komt daar ook een cursus 'drugs en verkeer' bij. De deelnemers leren daar bijvoorbeeld wat drugs met de rijvaardigheid doet en hoe je kunt zorgen dat je nooit meer met te veel drugs op in de auto stapt."
As it oplein wurdt, is it ek ferplichte. "En word je daarna nogmaals gepakt, dan moet je een onderzoek ondergaan. Veel mensen zijn zich niet bewust van de gevaren."