Hearrenfean-trainer Kees van Wonderen: "We zijn er beter op geworden"

Kees van Wonderen © ANP Foto
Kees van Wonderen fynt dat sc Hearrenfean der nei de winterstop better op wurden is. Dat seit de trainer in dei foar de earste wedstriid yn 2023 tsjin RKC Waalwijk.
Hearrenfean spilet sneon syn earste wedstriid nei de winterstop yn Waalwijk tsjin RKC. De ploech giet in dei yn 't foar al nei Brabân. "Omdat die wedstrijd om 16.30 uur begint, hebben we ervoor gekozen om 's middags te trainen en dan af te reizen."
RKC is op dit stuit de nûmer tsien fan de earedivyzje mei seis punten minder as Hearrenfean, dat achtste stiet.
"Die heeft ervaren dat 'ie op het hoogste niveau mee kan"
Van Wonderen oer Noppert
Hearrenfean spile 13 novimber de lêste kompetysjewedstriid tsjin Cambuur (2-1). Yn de winterstop krige de seleksje efkes te meitsjen mei in grypweach, mar eltsenien is op tiid fit foar it duel tsjin RKC.
En dat net allinnich, Van Wonderen tink dat Hearrenfean der better op wurden is. "Wij hebben sinds de laatste wedstrijd Pelle van Amersfoort erbij gekregen. En we hebben een keeper terug gekregen die een een WK heeft gespeeld. Die heeft ervaren dat ie op het hoogste niveau mee kan. Dus die neemt zijn ervaring en zelfbewustzijn mee. Dus op een aantal vlakken zijn we er beter op geworden."
Betsjut dat dan ek dat de supporters in bettere ploech sjen sille dit wykein? "Op een aantal vlakken wel, maar dat betekent niet dat we in één keer een veel beter elftal gaan zien. Dat hoop je natuurlijk wel. Maar we zijn er wel beter op geworden. Zeker."
Trainer Kees van Wonderen fan sc Hearrenfean oer RKC, Arsenal en de spitsposysje
De opstelling liket foar it grutste part dúdlik. De keeper is wis en mei Van Ewijk, Van Beek, Bochniewiscz en Köhlert stiet de ferdediging ek wol fêst.
Op it middenfjild liket nijkommer Pelle van Amersfoort fuort wis fan in basisplak. Mei Haye en Tahiri op it middenfjild liket dat ek wol fêst te stean.
Wat net hûndert persint wis is, is de oanfal. Op rjochts sil nei alle gedachten Simon Olsson spylje. De lêste oefenwedstriid tsjin FC Twente spile Hearrenfean mei Amin Sarr yn de spits en Rami al Hajj op links. Wylst de lêste wedstriden foar de winterstop Van Hooijdonk gewoanwei yn de spits stiet mei Sarr op links.

Sarr of Van Hooijdonk yn de spits

Van Wonderen wol noch net kwyt hoe't hy spylje sil. "Je kan van tevoren iets bedenken dat het die kant op moet gaan. Maar in de praktijk blijkt het vaak anders uit te pakken, omdat je te maken hebt met individuele kwaliteiten. Wat past het beste bij elkaar?"
Dat wol neffens him net sizze dat elts altyd op syn favorite plak útkomt. "Maar dat het met elkaar beter is dat een aantal jongens op een andere positie staan. Dat valt lastig te voorspellen."
Hearrenfean wol noch graach in fleugeloanfaller helje yn de winterstop. "We zijn op zoek naar een buitenspeler met snelheid en diepgang, die iets anders brengt dan we al hebben."
Sydney van Hooijdonk en Amin Sarr © Orange Pictures
Mei dy wittenskip liket it der op dat Sarr wer op de linksbûten-posysje sil mei Van Hooijdonk yn de punt. "We hebben de laatste wedstrijd met Al Hajj op links gespeeld en Olsson op rechts. Dat zijn eigenlijk middenvelders. Maar we hebben wel backs die eroverheen gaan. Dus het heeft voor- en nadelen."

Arsenal as foarbyld

Yn de tarieding nei in wedstriid wol Van Wonderen noch alris ferlikingen meitsje mei topklups. Manchester United, Liverpool en Mbappé kamen alris foarby en dit kear is it Arsenal dat foarby kaam.
"Ik heb de vergelijking gemaakt met de nummer één van Engeland, om te laten zien wat voor ontwikkeling ze hebben doorgemaakt. Die parallellen kun je soms trekken. Het spreekt jongens ook vaak aan", seit er.
As je dêr nei ta wolle, dan moatte je it ek sels trochlûke kinne, sa is Van Wonderen fan betinken. "Het afwisselen van druk zetten met enorme intensiteit is iets wat ik laat zien. Maar ook dat ze tegenstanders tegenover zich krijgen die heel verdedigend spelen. Dat het lastig is om door te komen. Daar krijg je natuurlijk ook zelf mee te maken. Maar ook afwisselend druk zetten, zoals RKC bijvoorbeeld doet."