Fiele, rûke en priuwe: Museum Martena tenei geskikt foar fisueel beheinden

Ynmakke sinesapelskilen yn Museum Martena © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
In museum belibje mei dyn eagen ticht, it kin by Museum Martena yn Frjentsjer. In soad guod yn it museum kinne je oanreitsje, mar der is bygelyks ek in audiotoer.
"Net oan sitte", silst yn it museum dan ek net in soad hearre, want útsein de skilderijen meist alles oanreitsje. It is rjochte op de sintugen: rûke, fiele en priuwe dus. Nim bygelyks de ynmakke sinesapelskilen, dy't minsken opite meie. Of it skaaltsje mei krûdnagel dêr't je oan rûke kinne.
Museum Martena is ynrjochte foar fisueel beheinden
De reaksjes binne oant no ta posityf. It museum foel sels yn de prizen. It 'aaiber' meitsjen fan it museum waard ûnderskieden mei de 'Raak'-stimulearringspriis mei in jildbedrach fan 30.000 euro.

Mear as 10.000 besikers

Dit jier wurdt it museum flink ûnder hannen naam om it foar minsken mei in fisuele of lichaamlike beheining noch oantrekliker te meitsjen. Dêrfoar krijt it museum help fan in spesjale kommisje mei minsken dy't sels ek in fisuele beheining hawwe.
"We nodigen die mensen af en toe uit om te testen wat wel of juist helemaal niet werkt", fertelt direkteur Manon Borst fan it museum.
Wylst oare musea it dreech ha nei de coronatiid en te lijen hawwe fan weromrinnende besikersoantallen, hie museum Martena ferline jier krekt in topjier. Mei 10.498 besikers hie it museum in rekôr.
De helphûn is tastien yn it museum en ek foar minsken yn in rolstoel is Martena tagonklik. De rûnlieding foar minsken mei in fisuele beheining moat oan de ein fan dit jier noch fierder trochûntwikkele wêze.