'Takomst Fryske skipsbou stiet faai troch gebrek oan jonge meiwurkers'

Guus Koetsier oan it wurk © Omrop Fryslân
As der net gau mear jongeren foar in oplieding yn de skipsbou kieze, komt dy sektor yn Fryslân yn gefaar. Dêrfoar warskôgje se by De Vries Scheepsbouw yn Makkum.
"It wurdt hieltyd dreger om minsken te finen", seit Japke van Groning, haad bedriuwsskoalle fan it bedriuw. "Der is in delgong yn it tal jongeren dat foar in oplieding yn de skipsbou kiest. As we aanst gjin minsken mear fine kinne, dan keart de wâl úteinlik it skip."
Yn de sektor hawwe se noed oer de takomst fan de Fryske skipsbou
Ek dosint Sieger van Kampen fan ROC Friese Poort tinkt wolris nei oer in mooglik ein fan de skipsbou yn Fryslân. "Dat is ek de reden dat ik derfoar keazen haw om dosint te wêzen. Ik wol graach myn kennis en ûnderfining oerbringe op de nije generaasje. Dy motivearje om ek foar it fak te kiezen", seit Van Kampen.
Dat slagget lykwols net altyd. Hy fernimt dat der by de jongerein minder ynteresse is foar de technyk. "De jeugd is sels thús ek net mear putsjes oan it dwaan. Dat is der net mear. Minsken sitte mar efter de kompjûter."

Coronafirus

Van Groning tinkt ek dat it coronafirus in rol yn spilet yn it lege tal oanmeldingen foar de skipsbou-opliedingen. "We koenen twa jier lang net nei de skoallen ta en de skoallen koenen ek net by ús komme."
Dat helpt fansels net by in sektor dy't neffens har al net sa bekend is. "Werven binne faak tichte gebouwen, dus je kinne net goed sjen wat der binnen bart. Je sjogge wol wat der úteinlik útkomt, mar jongeren hawwe gjin idee wat der allegearre oan foarôfgiet foardat in skip yn it wetter litten wurdt."

Skipsbou foar begjinners

Om feroaring te bringen yn de bekendheid fan de skipsbou, wurkje in hiel soad Fryske bedriuwen mei oan de nije Omrop Fryslânrige 'Skipsbou foar begjinners'. Dêryn rint De Hûnekopsjonger Emiel Stoffers mei yn it deistige wurk by dizze bedriuwen.
Dat docht er ek by Guus Koetsier fan Bartlehiem. Hy is krekt in healjier klear mei syn oplieding en al drok oan it wurk. Hy hat wol in idee hoe't it kin dat hieltyd minder leeftiidsgenoaten foar syn wurk kieze: "It is no gewoan mear basearre op it trochlearen. Je stappe dêr net út om de technyk yn te gean. Dat is in bytsje in taboe tsjinwurdich."
Emiel Stoffers by de opnamen fan Skipsbou foar begjinners © Hatogkroller
It wurk is neffens Koetsier lykwols hiel moai. "Je dogge fan alles. It is noait ientoanich of saai wurk. Hast altyd wol wer in útdaging om moaie dingen te meitsjen. Je wolle altyd mei syn allen nei in moai einresultaat ta, dus dat makket it hartstikke moai om te timmerjen yn de skipsbou", seit er.
In karriêreswitch foar Emiel Stoffers sjocht de jonge skipsbouwer allinnich noch net sitten. "Hy kin it tink ik mar better by de muzyk hâlde. It komt foar him somtiden noch wat te presys", laket Koetsier.