Grypweach teisteret Cambuur yn oanrin nei de degradaasjekreaker tsjin FC Volendam

Yn oanrin nei de earste wedstriid nei de winterstop hat Cambuur te krijen mei in grypweach. Snein stiet de thúswedstriid tsjin FC Volendam op it programma, in degradaasjekreaker tusken de nûmer lêst (Volendam, mei 6 punten) en de nûmer foarlêst (Cambuur, mei 8 punten).
Keeper Robbin Ruiter sil wis net by de seleksje sitte. Hy is te siik. Der binne ek noch de nedige twivelgefallen. Roberts Uldrikis, Tom Boere en Mitchel Paulissen wienen der net by op de training fan freed. Sai van Wermeskerken trainde foar in part mei de groep mei. Hy liket fit te wêzen foar de wedstriid tsjin FC Volendam en hy sil ek yn de basis starte.
Trainer Sjors Ultee oer de grypweach: "Ideaal is anders. Er zijn dingen die ik wel in de hand heb, maar de griep niet. Het zal zeker een rol spelen bij het bepalen van de opstelling."
Ek Robin Maulun sit by de seleksje. Hy spile op 13 augustus 2022 syn lêste kompetysjewedstriid. Dêrnei moast er ferstek gean litte fanwege in knibbelblessuere. Maulun begjint snein op de bank, mar hy soe ynfalle kinne.
Trainer Sjors Ultee sjocht foarút op de wedstriid tsjin FC Volendam
By Cambuur drukt Ultee mei klam syn stimpel op de trainingen. Rekkenje hat gjin doel: libje fan wedstriid nei wedstriid, de fokus moat folslein op dy earstkommende wedstriid. Dat is de ynstek fan de nije trainer.
"Wat er allemaal gaat gebeuren na Volendam, dat zien we dan wel. Je moet nu met maar één ding bezig zijn en dat is Volendam. We gaan er alles aan doen om de drie punten te pakken. En als dat klaar is, gaan we er alles aan doen om in de beker van De Treffers te winnen. Op die manier kun je focussen op waar het om gaat."
It doel is hillich, sa fynt Ultee: hanthavenje. It hoecht net altyd moai, as der mar resultaat helle wurdt. "Ik houd van mooi voetbal. Maar we hebben ook gezien dat het tot nu toe te weinig heeft opgeleverd. Dus we moeten het een beetje anders doen. Het goede voetbal heb ik zeker niet afgezworen, maar de basis moet heel hard werken zijn, heel goed verdedigen, agressief zijn en punten pakken."
De wedstriid tusken SC Cambuur en FC Volendam set snein om 14.30 oere útein. It duel is live te folgjen yn it radioprogramma Snein yn Fryslân. It kommentaar komt fan Geert van Tuinen.