Nei hast 50 jier ein oan dragracing op fleanfjild Drachten

It fleanfjild fan Drachten is tenei net mear beskikber foar dragraces. Sûnt 1975 wie it fleanfjild dé deistrip fan Nederlân. Alle jierren dienen der goed 200 dielnimmers oan mei en it evenemint luts sa'n 10.000 besikers.
Mar fanwege de takomstige ûntwikkelingen op it fleanfjild wurdt de oanfleanrûte feroare en dêrfoar moat de hiele lâningsbaan brûkt wurde. Dat hâldt yn dat dy net mear foar it autoracen brûkt wurde kin.
"Het bericht kwam als een donderslag bij heldere hemel", seit Marcel Gouma fan de Dutch Hot Rod Association (DHRA). "We waren al druk bezig met de voorbereidingen voor een nieuw evenement in 2023."
Nei hast 50 jier einiget it dragracing op fleanfjild Drachten
By it oanfreegjen fan de datum foar it evenemint wie de gemeente Smellingerlân neffens Gouma al ûndúdlik. "Er werd in eerste instantie wat omheen gedraaid. Uiteindelijk kregen we te horen dat we niet meer welkom waren." Yn eardere petearen soe de gemeente wol oanjûn hawwe te besykjen de dragraces op it fleanfjild te hâlden. It beslút wie foar de DHRA dus ek in folsleine ferrassing.
Rubberresten
In jier of 20 lyn wie der ek alris sprake fan dat de race fan it fleanfjild ferdwine soe. It probleem wie doe itselde as no: rubberresten fan de bannen bleaunen lizzen op it asfalt. Dat is net goed foar de fleanmasines dy't der opstige en lânje. "Toen is er na een actie een stuk asfalt gedoneerd dat wij konden gebruiken. Nu wordt gezegd: we gaan de aanvliegroute veranderen, waardoor het asfalt dat toen door ons is betaald, gebruikt wordt door de vliegclubs."
It bestjoer jout oan it spitich te finen en sil op syk nei in alternative lokaasje, al falt dat noch net ta. "Er zijn niet zoveel vliegvelden waar je deze ruimte hebt. We zijn bezig met verschillende locaties, maar omdat er van oudsher geen contacten zijn geweest, is het vrij moeilijk om daar binnen te komen", stelt Gouma.
Foar de sport hat it grutte gefolgen. Op dit stuit is der yn Nederlân gjin lokaasje mear dêr't de sport beoefene wurde kin. Der kinne dus ek gjin NK's of ynternasjonale wedstriden útskreaun wurde.
Leden fan de feriening binne bot oandien troch it nijs. "Dit is erg zuur. Iedereen is helemaal ontdaan, emotioneel. Zelf loop ik er al 20 jaar rond en er zijn jongens die er van het begin af aan lopen. Tuurlijk is het vervelend dat de dragstrip niet meer onze dragstrip is, maar we willen ons niet laten kennen. Alle opties worden nu overwogen."