Gjin kaai of izertried krijt kiste fan Boalsert iepen: ynhâld bliuwt foar altyd geheim

Kaaispesjalist Marten-Jan van der Veen oan it wurk © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It mystearje fan de âlde kiste yn Boalsert is net oplost. De hast 300 kilo swiere kiste dy't yn kultureel-histoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert stiet, is net iepen te krijen. Wat deryn sit, bliuwt no in riedsel.
Gemeente-argivaris Jack de Vries sjocht mei spanning hoe't kaaispesjalist Marten-Jan van der Veen fan Ljouwert te wurk giet. Hy besiket mei izertried it slot iepen te krijen.
De trije kaaien fan de kiste binne op mysterieuze wiize weiwurden. Jierrenlang hongen se yn de kast fan de boade fan it stedhûs. "Opeens waren ze verdwenen", fertelt De Vries. 'Ik heb nog gezocht op de zolder tussen tientallen andere sleutels, maar tevergeefs."
Gjin kaai of izertried krijt kiste fan Boalsert iepen: ynhâld bliuwt foar altyd geheim
De Vries wol graach witte wat ûnder it deksel leit. "Het kan van alles zijn. In ieder geval zal het waarschijnlijk gaan om waardepapieren."
De kiste is nei alle gedachten twahûndert jier âld en hat altyd yn it Boalserter stedhûs stien. Nei goed twa oeren jout Van der Veen belies. "Dit slagget net. It is lestich om it meganisme los te krijen."

Foar altyd geheim

It is net foar it earst dat de spesjalist de striid oangiet mei in âlde kiste. Yn it Poptaslot yn Marsum - in jier as fiif lyn - hie Van der Veen mear sukses, al siet der doe neat yn de kiste. "Ik fyn it tige spitich dat it my net slagget, mar it is net oars."
En sa hâldt de kiste mei swier izerbeslach de ynhâld foar altyd geheim, want in twadde besykjen komt der net.