Fryske foarnammen ferdwine: "Vernoemingen verhuizen naar tweede of derde naam"

Rintje en Jorrit: twa Fryske nammen © Orange Pictures
Friezen kieze noch geregeld foar in Fryske foarnamme foar har soan of dochter, mar dat wurdt wol minder. Earder krige op syn minst de helte fan de bern yn Fryslân in Fryske namme, no is dat minder as in kwart. Dat seit nammesaakkundige Gerrit Bloothooft.
Ut sifers fan de Sociale Verzekeringsbank oer 2022 docht bliken dat by jonges de namme Hidde it faakst keazen is, en by famkes giet it om de namme Lieke. Dat wykt ôf fan it lanlike byld, dêr binne de nammen Noah en Emma it populêrst.
Bloothooft stie sels oan it begjin fan de Nederlandse Voornamenbank fan it Meertens Instituut. Foarnammen binne in persoanlike utering fan wat âlden wichtich fine, seit er. Dêrmei ek in soarte fisitekaartsje foar de taal en kultuer.
"Friezen hechten aan hun eigen taal en cultuur", seit Bloothooft. "Dat kun je uitdrukken in de namen van je kinderen, je wilt dat die naam daarbinnen past. En je ziet dat Friezen nog steeds voor Friese namen kiezen, maar dat wordt wel minder."
Ik denk wel dat Friezen wat minder gevoelig zijn voor Engelse trends die overwaaien naar Nederland.
Gerrit Bloothooft
Want de populêrste bernenamme yn Fryslân ferskilt mei de rest fan Nederlân, mar der binne ek in soad oerienkomsten, seit Bloothooft. "Emma staat in Fryslân niet bovenaan, maar wel op drie. En ook Finn staat in Fryslân in de top tien. Maar ik denk wel dat Friezen wat minder gevoelig zijn voor Engelse trends die overwaaien naar Nederland."

Ferneaming ferhuzet

Eartiids wie it simpel: minsken neamden harren bern nei de famylje. De earste soan nei de pake fan heitekant, de earste dochter nei de beppe fan memmekant. Dêrnei folgen de oare pake en beppe en as dy nammen op wiene, dan kamen de omkes en muoikes oan bar.
"Vroeger werd bijna elk kind vernoemd", seit Bloothooft. Dat gebeurt noch hieltyd wol, mar de Fryske nammen binne wol minder sichtber. "De eerste naam kiezen de ouders tegenwoordig vaker zelf, de vernoeming is verhuisd naar de tweede of derde naam."
Wêrom't minder âlders kieze foar in Fryske namme, hinget fan de âlders sels ôf. Bloothooft: "Je zou verwachten dat je via een Friese naam uitdrukt dat je de Friese taal en cultuur belangrijk vindt, maar blijkbaar laten sommige ouders die relatie los en kiezen ze bijvoorbeeld voor Engelse namen."
"Er zijn ook Friese namen die je nu in heel Nederland terugvindt. Denk aan Jelle. Het specifiek Friese karakter is eraf, maar het blijft wel een Friese naam."

Revival

Yn in lêzing twa jier lyn murk Bloothooft al op dat der ek in ljochtpuntsje is: sa binne der âlde Fryske foarnammen dy't in revival trochmeitsje. "Dan moet je denken aan Jorrit, Hylke, Hessel, Djurre, Riemer, Amarins, Rixt, Doutzen, Elske. Veel van deze namen zijn pas na 2000 echt populair geworden."
De ''je"-nammen ferdwine en meitsje plak foar de "ke"-nammen: Frouke yn stee fan Froukje.