Iepenbier Ministearje easket twa jier sel tsjin Drachtster dy't styfdochter misbrûkt hawwe soe

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It Iepenbier Ministearje hat in selstraf fan twa jier easke tsjin in 40-jierrige Drachtster dy't sûnt 2007 syn styfdochter ferskate kearen misbrûkt hawwe soe. It misbrûk soe plakhân hawwe sûnt de styfdochter fjouwer jier âld wie.
It slachtoffer is yntusken folwoeksen. Doe't se 17 jier wie, hat se oan har mem ferteld dat se ferskate kearen seksueel misbrûkt wie troch har styfheit. Nei't de relaasje tusken de styfheit en de mem fan it slachtoffer ophold, wie it net dien mei it misbrûk. It famke kaam dêrnei noch geregeld by har eardere styfheit.
De fertochte ferklearre dat hy it famke altyd as syn dochter beskôge hat. Hy ûntkende lykwols dat er yntym mei har west hie.
Minsken út de omjouwing fan de man sizze dat er syn styfdochter behannele as syn freondinne. Sa hat it slachtoffer it sels ek ûnderfûn: "Wat een vrouw doet in een relatie, moest ik voor hem doen."

Nachtmerjes

De man ûntkende net dat syn styfdochter regelmjittich by him yn bêd lei. Neffens de Drachtster wie dat om't it famke lêst hawwe soe fan nachtmerjes.
Yn in petear mei in psycholooch soe er tajûn hawwe dat er it famke op "de yntime dielen" oanrekke hie, mar ek dat ûntkende er op de sitting.
It slachtoffer rjochte har op de sitting ek ta de fertochte: "Je had mij moeten beschermen, in plaats daarvan heb je mijn jeugd kapotgemaakt."
It Iepenbier Ministearje easke trije jier sel wêrfan ien ûnder betingst. Oer twa wiken docht de rjochtbank útspraak.