Yn Jirnsum ringe skries weromfûn yn Ruslân

In skries dy't by Jirnsum ringe is, is weromfûn yn Ruslân, dêr't de fûgel nei alle gedachten bret hat. Fryske skriezeûndersikers fan de Rijksuniversiteit Groningen (RUG) sjogge hjir wol fan op.
Se fernuverje harren der net oer dat der skriezen sitte, mar wol dat de fûgel immen yn Ruslân opfallen is en dat dy melding úteinlik hjir wer bedarre is.
"De kâns dat sa'n fûgel yn Ruslân sjoen wurdt, is ferskriklik lyts. Al soest der tûzen ringje, dan noch is de kâns hiel lyts dat ien fan dy fûgels ea wer weromsjoen wurdt yn Ruslân", seit skriezeûndersiker Jos Hooijmeijer fan de RUG.
De gebieten binne hiel grut en de skriezen sitte dêr folle minder by elkoar. Omdat de fûgel dêr mei in partner sjoen is, is de kâns grut dat it bist dêr ek bret hat. Ien en oar ropt wol de fraach op oft der mear skriezen binne, dy't nei in tuskenstop yn ús lân yn Ruslân of op oare plakken yn it easten briede. Hooijmeijer: "Ik tink ek dat it der mear binne as wy yn de gaten hawwe."
Oarloch
In soad kontakten mei Ruslân binne troch de oarloch yn Oekraïne bekuolle of hielendal opholden. Dat leit oars by de wittenskippers dy't steltrinners ûnder de fûgels folgje, seit Hooijmeijer.
"Dy wittenskippers hawwe fansels in eigen mienskip en eigen konneksjes. Dy lyntsjes binne koart. Hoefolle minsken yn 'e wrâld sjogge no nei steltrinners? Dy kenne elkoar hast allegear. Troch in oarloch hâlde dy kontakten net op."