Foarútsjen mei Reitse: Land van Ons set yn op biologysk buorkjen

Yn de earste wike fan it nije jier sjogge presintator Miranda Werkman en telefyzjekok Reitse Spanninga mei gasten foarút op it nije jier. Yn de tredde ôflevering prate se mei trije fertsjintwurdigers fan Land van Ons, in koöperaasje foar biologysk buorkjen.
De earste kear dat Geert Rozema oer Land van Ons lies, hie er fuortendaliks in goed gefoel. Dat 'ons' spruts him oan. Hy komt fan Wynjewâld en hat gjin opfolgers foar syn boerebedriuw by Bakkefean. Hy ferkeapet no syn grûn oan Land van Ons en bliuwt der foarearst sels op buorkjen. Biologysk, sa as er dat al jierren docht.
Bindert Kloosterman en Renze Roorda © Omrop Fryslân
Bindert Kloosterman fan Land van Ons fertelt dat hieltyd mear boeren syn koöperaasje witte te finen. Land van Ons stiet foar 'ekstinsyf en regeneratyf buorkjen', wat betsjut dat it wer better wurden fan de boaiem sa folle mooglik oerlitten wurdt oan natuerlike prosessen en dat bisten sa folle mooglik romte krije om bûten te rinnen.
It tal boeren dat de winsk hat om biologysk te buorkjen wurdt alle jierren grutter. Ek hat Land van Ons in list fan minsken dy't graach buorkje wolle, mar gjin lân hawwe. Kloosterman fertelt dat alle leden likefolle te sizzen ha. Oft ien no foar in pear tientsjes meidocht of foar in grutter bedrach, dat makket neat út.
Bindert Kloosterman fan Land van Ons © Omrop Fryslân
Op dit stuit hat Land van Ons tweintichtûzen leden, mar neffens Kloosterman kin dat tal yn de takomst maklik oprinne nei tritichtûzen. Omdat it neffens de leden fan Land van Ons mei it belied fan de oerheid net opsjit, ha se sels mar it inisjatyf naam.
Yn 2019 binne se úteinset. Troch it hiele lân wurdt lânbougrûn oankocht. Der binne no trije Fryske perselen fan mei mekoar 43 bunder, dat moat yn alle gefallen twa kear safolle wurde. Lanlik hat Land van Ons 200 bunder grûn yn besit.
Twa tredde fan ús lân is lânbougrûn en krekt dêr is neffens Land van Ons de lêste 60 jier it bioferskaat ferlern gien. Om dy ferskraling tsjin te gean, is it opkeapjen fan lânbougrûn de koartste klap. Lânbougrûn omsette yn natuergebiet is likegoed in mooglikheid, mar omdat wy ek ite moatte, sil der altyd ferlet bliuwe fan lânbou. "Dan is biologysk buorkje de bêste oplossing", seit Kloosterman.
Renze Roorda buorket foar Land van Ons © Omrop Fryslân
Renze Roorda is biologysk melkfeehâlder yn Sweagermieden en waard twa jier ferlyn oansprutsen troch Land van Ons. Eins woe er net dat syn bedriuw grutter wurde soe, mar it stik lân dat hy derby krigen hat fan Land van Ons jout him de romte om syn Jersey-kij langer te hâlden. De kealtsjes wurde dan net fuortbrocht, mar kastrearre en kinne dan grut wurde yn 'e greide.
Yn it winkeltsje by de buorkerij wurdt ûnder oare yochert en fleis ferkocht. It moaiste fynt er dat der in earlik ferhaal leit en dat der in soad oerlein wurdt mei de koöperaasje. Mei boereferstân komst in hiel ein, fernimt er.
Reitse en Miranda sjogge foarút © Omrop Fryslân
Dizze wike alle dagen om 17.19 oere sjogge telefyzjekok Reitse Spanninga en presintator Miranda Werkman yn it programma 'Foarútsjen mei Reitse' foarút op in nij jier. Dat dogge se yn har pop-up restaurant yn de Recycle Boulevard, mei ferskate gasten oan tafel en yn de keuken.