Lifeguards KNRM kamen op it Waad ferline jier 843 kear yn aksje

De Lifeguards fan de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij (KNRM) op de Fryske Waadeilannen binne ôfrûne jier 843 kear oproppen foar helpferliening. Rêdingsboaten fearen lanlik tsien persint faker út as it jier derfoar.
De KNRM beneamt yn it jierferslach ek de oanfarring tusken de snelboat en de wettertaksy op it Waad, dêr't fjouwer minsken by om it libben kamen, en twa ûngelokken op charterskippen op de Waadsee. Dit wiene rêdingsaksjes mei in soad ympakt op de belutsenen.
Ungelokken en rêdingen
Foar de fatale ûngelokken oer stiene ek in soad rêdingen dy't goed ôfrûnen. "Een van die acties was een omgeslagen zeiljacht tussen Vlieland en Terschelling, waarbij we het leven van vier zeilers hebben gered. Dankzij hun noodbaken konden we er gelukkig snel zijn", fertelt Kees Brinkman fan de KNRM.
Yn 2022 binne de rêdingsboaten 2.524 kear útfearn foar helpfragen. Der stiene goed 1.400 frijwilligers klear, dy't ferline jier mear as 4.000 minsken en 155 bisten feilich wer oan 'e wâl krigen.
Kees Brinkman fan de KNRM
"Sinds corona is de watersport flink toegenomen", seit Brinkman. Neffens him kin dat wolris de oarsaak wêze fan de tanimming yn helpfragen. "Alles wat dreef is verkocht en nu houden veel mensen toch de boot en gaan er 's zomers mee het water op. Dat zie je terug in de cijfers."
It oantal telefoantsjes fan wettersporters mei net-spoedeaskjende helpfragen namen ta oant mear as 1.000. It slagge de KNRM wol om mear fan dy fragen op ôfstân te behanneljen.