Nij asfalt foar brêge Twellingea, dyk is takom freed ticht foar auto's

It asfalt op de brêge fan Twellingea wurdt freed 6 jannewaris ferfongen. De kwaliteit fan it weidek op de brêge is minder wurden no't der mei it ôfsluten fan de A7 yntinsiver gebrûk fan makke wurdt.
Yn ferbân mei de wurksumheden sil de brêge freed ticht wêze foar auto's tusken 7.00 en 17.00 oere. Fytsers en de helptsjinsten kinne der wol oerhinne.
Earder waard al in maksimum faasje fan 30 kilometer yn de oere ynsteld en der waarden ferkearsljochten pleatst. It ferkear giet dêrtroch mear dosearre oer de brêge hinne as earst.
Ek as it nije asfalt der leit, bliuwt de faasjebeheining yn stân en bliuwe de ferkearsljochten stean. De gemeente Súdwest-Fryslân meldt dat it de iennige mooglikheid is om de brêge iepen te hâlden foar it ferkear.