Wetter yn Euro 95 by tankstasjon op De Westereen kaam troch fûle rein

It tankstasjon op De Westereen © RTV NOF
Ferskate automobilisten dy't tankt hawwe by in tankstasjon oan de Tolwei op De Westereen, hawwe lêst fan wetter yn harren brânstoftank. Neffens TanQyou, it bedriuw dêr't it om giet, komt dat ûnder mear troch de fûle rein fan de ôfrûne dagen.
Minsken dy't op 2 jannewaris by it stasjon tankt hawwe, moatte kontakt opnimme mei it bedriuw.
De problemen soenen ûntstien wêze nei it tanken fan Euro 95 (E10). Guon auto's moasten nei de garaazje fuortsleept wurde. Dêr die dan bliken dat de wetter yn de tank siet. Der wie in frou dy't wol tsien liter wetter yn de brânstoftank sitten hie.
It bedriuw wyt it probleem oan de fûle rein, in flotter dy't fêstrûn wie en in lekke peilput. Dêrtroch is der wetter yn de Euro 95-tank bedarre.
Der binne noch in pear minsken dy't op 2 jannewaris op De Westereen tankt hawwe, dy't harren noch net meld hawwe. "We verzoeken deze circa dertig klanten zich bij ons te melden. We zullen deze ongelukkige start van 2023 op een correcte manier met al deze betrokkenen rechtzetten", seit in wurdfierder fan it bedriuw.
Tiisdeitemoarn wurde der wurksumheden útfierd om it probleem op te lossen. Oant dy tiid is it net mooglik om Euro 95 te tanken.