Soargen by omwenners fan de Schoterlandseweg oer tsjusterte en feiligens

De Schoterlandseweg mei grut ljocht oan © Omrop Fryslân
It fuortheljen fan de hûndert lantearnepeallen by de Schoterlandseweg del, dy't troch ûnder oare Mildaam, Nijhoarne en Jobbegea giet, hat de dyk te tsjuster makke, fine guon omwenners. Der binne soargen oer de feiligens en oer deimen dy't samar de dyk oerstekke.
Guon bewenners fan huzen njonken de lange dyk meitsje harren bot soargen. In pear moannen lyn is der in hûnderttal lantearnepeallen útskeakele en fuorthelle om enerzjy te besparjen en mear romte te jaan oan it tsjuster.
Soargen by omwenners fan de Schoterlandseweg oer tsjusterte en feiligens

Feiligens

Mar yn it ramt fan de feiligens is it wol in nuvere kar, fynt René Jelsma, foarsitter fan it pleatslik belang yn Jobbegea. "Je binne wend dat je oeral in bytsje ljocht hawwe, in rjochtpunt dêr't je hinne kinne. No sjogge je hast neat mear. Dat jout minsken in ûnfeilich gefoel, bygelyks by âlden dy't bern noch yn it tsjuster nei hûs ta fytse litte. Dat haw ik by ferskate minsken heard."
Jelsma erkent dat de tsjusterte goed wêze kin foar de natuer, mar jout wol oan dat oerstekkende deimen (damherten) foar gefaar soargje kinne.

Deimen foar de auto

Dat seit ek foarsitter Bonne Schokker fan pleatslik belang Ald- en Nijhoarne: "Foar de bisten is der gjin barrikade mear. Gewoanwei wie der ferljochting, dêr't bisten miskien wol wat benaud foar wiene. No is it lyk sa tsjuster as de bosk, bisten ploffe foar auto's en fytsen del."
Schokker ûnderfûn it foar de krystdagen sels noch. "Ik hie ien flak foar de auto. En twa wiken dêrfoar ien foar de fyts. Ik haw begrepen dat der yn Mildaam al sa'n fjouwer oanridingen west hawwe. Dat is minder moai."

Moskoupleats

Bewenners fan de Moskoupleats, in GGZ-ynstelling deun njonken de dyk yn Ketlik, hawwe der ek fan te lijen, seit lokaasjemanager Anneke Bosma. "Sy binne jûns benaud om noch de dyk op te gean. Sy binne benaud dat sy it net weromfine kinne en meitsje har soargen oer de harten. As der in hartsje oanriden is, fine sy dat tige slim. Sy bliuwe no mear binnen as dat sy noch in blokje om rinne."
Ferslachjouwer Casper Slotboom op lokaasje
Wat de pleatslike belangen oanbelanget kinne gemeente en provinsje better besparje op de ljochten by it knooppunt by It Hearrenfean. En foar de besparring kinne der dan LED-ljochten oan de Schoterlandseweg komme.