Akkrum-Nes wiis mei har elektryske dielauto, mar de koöperaasje wol mear

Yn Akkrum en Nes rydt der sûnt septimber in elektryske dielauto om. It begûn mei 9 abonnees, mar yntusken binne it der al 24. Dochs bliuwt it in kwestje fan de lange azem, sizze de inisjatyfnimmers.
It giet op dit stuit noch foar it grutste part om abonneminten foar it sa no en dan brûken dan de auto. Wat it projekt echt nedich hat, binne abonnees dy't mear as ien kear yn 'e moanne de auto pakke.
"It wie al in idee fan in pear jier lyn, mar it kaam der net fan om't wy drok wiene mei ús eigen sinnepark", seit Ton Yntema fan Nes, dy't fan enerzjykoöperaasje Duurzaam Akkrum-Nes is. Uteinlik kaam it plan wol fan 'e grûn en waard Friesland Lease de leveransier.
Akkrum en Nes binne wiis mei har elektryske dielauto, mar de koöperaasje wol mear
Op dit stuit makket de auto sa'n fjouwer ritten yn de wike. Dat wurdt mei de We Go-app regele, dêr kinne minsken in tiidfak reservearje.
"Wy binne foar duorsumens. Wy tinke dat wy mei minder auto's prima ta kinne yn Akkrum. Dêrneist fine wy it ek wichtich om elektrysk te riden", leit Yntema út,
In twadde wein
It projekt krijt no fan njoggen dielnimmers alle moannen in bedrach, mar dat moatte der noch wat mear wurde om in twadde auto brûke te kinnen.
"It giet der om dat wy kilometers ride. Wy ride wol alle moannen mear, dus wy geane de goede kant op. It moat efkes wenne. Ik tink dat wy yn de rin fan it nije jier wol in nije auto nedich hawwe."
Ferbining mei It Pakhûs
De koöperaasje hopet dat it projekt oare doarpsbewenners oan it tinken set. De inisjatyfnimmers wurkje oan in oplaadstasjon by It Pakhûs, deunby it stasjon. It Pakhûs is in wengroep foar minsken mei- en sûnder in beheining, dêr't ek sinnepanielen op it dak lizze.
Dêr wiene sy fuort entûsjast, seit Sandra van der Donk fan It Pakhûs: "Toen we die vraag kregen, dacht ik meteen: dat is hartstikke leuk. Ook om de verbinding tussen onze mensen met het dorp te maken. Dit is een mooie plek voor de auto, het heeft allemaal meerwaarde."
Ferslachjouwer Casper Slotboom
Ien fan de brûkers is wiis mei de lienauto: "Wy hawwe sels ien auto. Ik wurkje thús en myn man trije dagen de wike op kantoar. It kin ris wêze dat wy dochs wolris in auto nedich hawwe, dus sa brûke wy dit wolris. In abonnemint is net nedich, mar om it projekt te stypjen brûke wy de auto ek wolris ekstra."