Sandor van der Heide benaud foar degradaasje Cambuur: "Dat is mijn gevoel"

De Sportcast mei Sandor van der Heide © Omrop Fryslân
As SC Cambuur dizze transferperioade gjin nije spilers hellet, degradearret it nei de earste divyzje. Dêr is klupikoan Sandor van der Heide benaud foar, sa seit er yn de Sportcast.
Van der Heide hat gjin funksje mear by de klup, nei't er oardel jier lyn ophold as assistint-trainer fan Cambuur. Hy is hielendal net mear aktyf binnen it fuotbal en timmeret no oan de wei as ûndernimmer yn Snits.
De âld-fuotballer folget syn klup noch wol op de foet. Hy ferwachtet net dat Cambuur him hanthavenje sil, as dit seizoen ôfmakke wurdt mei de hjoeddeistige seleksje. "Laten we vooropstellen: ik hoop het natuurlijk wel", seit Van der Heide.
Mar wêrom rêdt Cambuur it dan net yn de eagen fan de Snitser? "Dat is mijn gevoel. Mijn antwoord is gebaseerd op de eerste veertien wedstrijden. Ze missen te veel kansen, maar er is ook te weinig gecreëerd."
Yn fjirtjin wedstriden skoarden de Ljouwerters njoggen kear. Dêrmei is it de minst skoarjende ploech fan de earedivyzje.
It is dúdlik dat der yn de eagen fan Van der Heide ien of meardere spilers by komme moatte om op it heechste nivo spyljen te bliuwen. De klup is yn elts gefal op syk nei in linksbûten. "Als er niets bij komt, zie ik het niet gebeuren. Als de selecties zo blijven, wordt het niet spannend."
Neist Cambuur fljocht dan ek FC Volendam derút, tinkt Van der Heide. Snein spylje beide ploegen tsjin inoar yn it Cambuur Stadion. As fan sit Van der Heide dan yn it stadion.
Hy foarseit in lykspul en beslist gjin spektakelstik. "Ik ben heel eerlijk. Ik vind het wel minder leuk om naar te kijken dan een aantal jaar geleden."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.