KHN Ljouwert pleitet foar net mear hoareka yn 'e stêd yn 2023

Der is genôch hoareka yn Fryslân. Dus der soe net mear by moatte. Dat seit Ton Eijer, de foarsitter fan de Ljouwerter ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland (KHN).
Eijer, sels eigener fan it Ljouwerter kafee Scooters, leit út wat it grutte probleem is foar de hjoeddeistige ûndernimmers. "It stikje taart foar minsken yn 'e hoareka wurdt hieltyd lytser. It liket krekt as komt der yn alle lege winkels in nij hoarekabedriuw."
Foarsitter Ton Eijer oer de plannen fan KHN Ljouwert
De hoarekabaas hat syn soargen utere yn in oerlis mei boargemaster Sybrand Buma en wethâlder Abel Reitsma. "Der komt wol hieltyd mear hoareka by, mar der komme net mear minsken dy't útiten gean of dy't op stap gean. Dus ha wy de gemeente frege om mei ús mei te tinken oer hoe't we dat miskien beheine kinne."
Fansels stiet it elkenien frij om in eigen saak te begjinnen, jout Eijer ta. "Yn prinsipe binne wy foar frij ûndernimmerskip, mar it moat wol in sûne situaasje foar alle ûndernimmers wêze. Sjoch, enerzjy is djoerder wurden, boadskippen ek. Dus de hoareka fernimt grif dat minsken besunigje moatte en minder útjouwe oan gesellichheid en útgean. Dêr komt by dat de measte ûndernimmers nei de coronakrisis gjin fet mear op 'e bonken ha."