Sterke Yerke IV troch Frijsteat Folgeren nei Drachten helle as nijjiersstunt

De Sterke Yerke IV © SRFotografie
De Sterke Yerke IV is wer boppe wetter. It leit yn Drachten, âldjiersferiening De Frijsteat Folgeren hat it flot as nijjiersstunt liend.
"Eind goed, al goed", seit Wilfred de Jong fan de stichting efter de Sterke Yerke IV, de opfolger fan it flot dat yn 1979 de Atlantyske Oseaan oerstuts.

Kompliminten

"Hoewel we dat al hoopten en gezien de bijzondere uitstraling en karakter van de Sterke Yerke het bijna niet anders kon dan dat het geen diefstal kon zijn, heeft het ons toch slapeloze nachten bezorgd", leit De Jong witte.
Hy jout de ploech wol in komplimint. "Knap dat je zo'n gevaarte bijna ongezien over een dergelijke afstand over water en over de weg kunt verplaatsen."
It flot waard yn de nacht fan tongersei op freed út de Ljouwerter jachthaven De Hemrik weihelle. Dêr lei er foar ûnderhâld yn de winter.
De Jong wie him rot skrokken, mar hope al op in nijjiersstunt. De stichting hie dêrom ek noch gjin oanjefte dien fan de dieverij. De âldjiersploech seit yn in berjocht nei De Jong dat it flot yn goede steat is en se ekstreem sunich mei it gefaarte binne.

Grut materieel

"Ik hoopte al dat dit een nieuwjaarsstunt zou zijn. Het verlossende bericht kwam om 08.20 uur vanuit Frijsteat Folgeren. Ik sprong een gat in de lucht", seit De Jong as er by it flot is.
Hy kin wer ferromme sykhelje. "Want we dachten wel in deze richting, maar voor hetzelfde geld was 'ie echt gestolen. Dan hadden we een gigantisch probleem gehad. Ik ben 20 jaar ouder geworden de laatste dagen." Hy komplimintearret de ploech. "Het is niet niets. Dat vlot is 15 meter lang en bijna 7 meter breed."
Ferslachjouwer Casper Slotboom
Leon Bouma fan De Frijsteat Folgeren fynt de stunt prachtich slagge. "Wy hawwe fansels grutte stunts hân, dizze past wol yn it rychje. Wy hawwe der sliepeleaze nachten fan hân. Wy binne net Sterke Yerke, dus wy hawwe grut materieel. Mei in grutte kraan en in frachtwein is er hjir kaam."

Omtinken foar de 'plestik problematyk'

De âldjiersferiening wol mei de stunt omtinken freegje foar de fersmoarging fan plestik. "Dit is in wrâldprobleem, sa is it", seit Bouma.
It boadskip is troch de ploech op buorden set: "Wy hawwe de sterke yerke hjoed midden op é dyk, dit om oandacht te freegjen foar de plestik problematiek", "Dit kin ús wrâld net lûke, jo kinne wol yn de plestik sop fersûpe", "150 miljard kilo plestik yn de see, dat hakt yn as in bom, der moat wat barre, it roer moat om" en "Rin der mar omhinne, of stean der mar by stil. Allinnich tegearre meitsje wy it ferskil."