Koade giel ôfkundige foar âldjiersjûn, fjoerwurkshow Akkrum giet net troch

Hurde wyn © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
It KNMI hat foar sneontejûn koade giel ôfkundige foar ús provinsje. Der is kâns op wynstjitten oant 80 kilometer yn de oere. Koade giel jildt foarearst fan 18.00 oant 00.00 oere.
Yn ferbân mei it minne waar giet de fjoerwurkshow, dy't foar sneontemiddei pland stie yn Akkrum, net troch. De organisaasje tinkt dat it dreech wurde soe om de show op te bouwen en dat it ek foar minder publyk soargje soe. De fjoerwurkshow wie in alternatyf foar it karbidsjitten, dat dit jier ek net dien wurdt yn Akkrum.
In grutte teloarstelling, seit Herman Gaarman fan de organisaasje. "Wy hiene it leaver oars hân. Mar feiligens foar alles. Wy hawwe ferskate kearen yn petear west, mar de waarberjochten waarden mar minder en minder. Dêrom hawwe wy sein: wy dogge it net."
It ôfstekken fan it fjoerwurk soe skande wêze troch de rein en wyn. "It komt in stikje omheech, mar slacht dea. Dan is it moaie der wol ôf. Op de Polsleatwei steane gewoanwei 1.200 minsken, mar dat sille der ek in stik minder wêze. Je moatte der mar stean wolle mei wynkrêft seis en in bak reinwetter op 'e kop." De muzyk yn de tinte giet wol troch.

Luchtkwaliteit

De hurde wyn en de rein dy't foarsein is, binne neffens it RIVM wol geunstich foar de luchtkwaliteit. Sneon is it âldjiersdei en dan giet der nei alle gedachten wer in protte fjoerwurk de loft yn. "Met regen zou fijnstof voor een groot deel direct naar het riool spoelen", seit in wurdfierder fan it RIVM.