Cuypersgenootschap yn 'e bres tsjin sloopplan katolike tsjerke Drachten

De takomst fan de Goddelijke Verlosser, in katolike tsjerke fan Drachten, stiet faai. De Clara fan Assisiparochy wol fan de tsjerke ôf, omdat de ferwachting is dat de parochy it ûnderhâld yn de takomst net mear betelje kin.
Yn stee dêrfan wol de parochy yn in lytsere tsjerke. It hjoeddeiske gebou is yn 1962 yn gebrûk naam. Hoewol't it dus in relatyf nije tsjerke is, giet it wol om in gemeentlik monumint. Dêrom springt it Cuypersgenootschap yn 'e bres: sy sette har yn foar it behâld fan monuminten en hoopje de Goddelijke Verlosser te behâlden foar de takomst.
Weropboutsjerke
"Hij is toch redelijk nieuw, het is een zogeheten wederopbouwkerk. Het is een van de weinigen in Friesland die voor de katholieke eredienst gebouwd is. Dat maakt hem wel uniek", seit sekretaris Leo Dubbelaar fan it Cuypersgenootschap.
De arsjitekt fan de tsjerke wie Coen Bekink. Binnen hinget in bysûnder stilearre krúsbyld oan de altermuorre, doedestiids hiel modern. De tsjerke hat oan de bûtenkant ek bysûndere muorrekeunst fan Max Reneman, mei ûnder oare in beskermjende hân, weagen en in fisk, in fûgel en de tekst 'Bemint.'
In gemeentlik monumint slope kin net samar, seit Dubbelaar. "Daar moet in feite een heel zware procedure aan vooraf gaan. Dat ligt bij de gemeente."
It Cuypersgenootschap hat in brief oan Smellingerlân skreaun en in ôfskrift nei de parochy stjoerd. Dêr hat it genoatkip noch gjin reaksje op krigen.
Begryp
Dubbelaar hat wol begryp foar de parochy. "Het speelt in heel Nederland, ook in het zuiden. Veel kerken komen vrij. Ze zijn lastig te onderhouden omdat ze voor een grote gemeenschap gebouwd zijn en men nu met de onderhoudskosten kampt."
Sekretaris Leo Dubbelaar fan it Cuypersgenootschap
Der binne noch wol oare opsjes as sloop, fynt er. "Je zou kunnen kiezen voor een gedeeltelijke herbestemming, misschien kunnen er ook andere functies in de kerk komen. De parochie kan ook de kerk verlaten en verkopen om elders een nieuwe kerk te bouwen. Er zijn wel mogelijkheden."
By in werbestimming soe it ynterieur nei alle gedachten wol oanpakt wurde moatte. "De binnenkant is in feite ook monumentaal, maar vaak zal er toch wat pragmatisch gedacht moeten worden. Meestal gaat er wel wat monumentale waarde verloren, maar dat weegt niet op tegen een totale sloop van een kerkgebouw."
Negatyf advys
It Cuypersgenootschap ferwachtet dat de kâns op sloop net hiel grut is. "Het hangt van de gemeente af. Die moet advies vragen aan de plaatselijke erfgoedcommissie, de verwachting is wel dat er een negatief advies volgt. Het algemeen belang is toch het behoud van het monument."